Regio Hannover
flagge wapen
polityk
soarte gebietlânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplakHannover
tal gemeenten21
kentekenH
Kreisschlüssel03 2 41
sifers
ynwennertal1.155.330 (2020)
oerflak2.290,86 km²
befolkingstichtens504 / km²
oar
stifting2001
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten52°25′ N 9°43′ E
websideside Regio Hannover

De Regio Hannover (Dútsk: Region Hannover) is in Kommunalverband besonderer Art yn it Dútske bûnslân Nedersaksen. It distrikt hat in unike status yn it distriktenstelsel fan Nedersaksen. Underdiel fan de Regio Hannover foarmet de stêd Hannover, de haadstêd fan it bûnslân, dy't deselde foarrjochten hat as in stêd dy't gjin diel útmakket fan in lânkring. De Regio Hannover is wat ynwennertal oanbelanget folle grutter dan de oare lânkringen yn Nedersaksen. It bestjoer is it Regionsparlament, dat foarsitten wurdt troch de Regionspräsident. Alle fiif jier wurdt der in nij regioparlemint en in nije Regionspräsident keazen. De funksje fan in Regionspräsident is te fergelykjen mei in boargemaster yn in stêd of gemeente.[1]

De Regio Hannover ûnstie op 1 novimber 2001, doe't de Kreisfreie Stadt Hannover en de lânkring Hannover gearfoege waarden.

Geografy

De Regio Hannover grinzget yn it westen oan de lânkringen Schaumburg en Nienburg, yn it noarden oan de lânkringen Heidekreis en Celle, yn it easten oan de lânkringen Gifhorn en Peine en oan Hildesheim en Hameln-Pyrmont yn it suden.

Neffens ynwennertal is Hannove de grutste stêd en wat oerflak oanbelanget is Neustadt am Rübenberge dat.

De Regio Hannover makket die út fan de Metropoalregio Hannover-Braunschweig-Göttingen.

De regio leit yn it oergongsgebiet tusken de Lüneburger Heide en middenberchtme. Yn it westen leit de Steinhuder Mar, de grutste mar fan Nedersaksen, yn it súdwesten it Calenberger Lân en de berchkaam Deister.

Stêden en gemeenten

Gemeente yn de Regio Hannover
Gemeente yn de Regio Hannover

Alle stêden en gemeenten yn de Regio Hannover binne saneamde ienheidsgemeenten.

  1. Barsinghausen, stêd
  2. Burgdorf, stêd
  3. Burgwedel, stêd
  4. Garbsen, stêd
  5. Gehrden, stêd
  6. Hannover, haadstêd
  7. Hemmingen, stêd
  8. Isernhagen
  9. Laatzen, stêd
  10. Langenhagen, stêd
  1. Lehrte, stêd
  2. Neustadt am Rübenberge, stêd
  3. Pattensen, stêd
  4. Ronnenberg, stêd
  5. Seelze, stêd
  6. Sehnde, stêd
  7. Springe, stêd
  8. Uetze
  9. Wedemark
  10. Wennigsen (Deister)
  11. Wunstorf, stêd
 
Nedersaksen
Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.