Regel fan de Seining | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 – 75 f.Kr. |
De Regel fan de Seining is in tige fragmintarysk oerlevere sektaryske joadske tekst dy't yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw te Qumran, yn it Westjordaanlân, ûntdutsen waard as ûnderdiel fan 'e skat oan âlde geskriften dy't bekend kommen is te stean as de Deade-Seerôlen. It manuskript, dat fûn waard yn Grot 1, stiet bekend as 1QSb, en makket diel út fan deselde boekrôle dy't ek twa oare geskriften omfettet, te witten: de Mienskipsregel (1QS) en de Regel fan de Gemeente (1QSa).
De Regel fan de Seining omfettet trije rituële seinings foar gebrûk nei de komst fan 'e joadske messias: ien foar de algemiene gearkomste fan it folk fan Israel; ien oangeande de preesters dy't troch God útkard wurde sille om "as ingels" te wêzen en it liederskip fan Gods folk op har te nimmen nei de oarloch wêryn't al har fijannen ferslein binne; en ien foar de messias sels, dy't komme sil om Israel te ferlossen. Dizze seingings binne eins bedoeld as lofpriizgings foar de sekte dy't te Qumran tahold (wierskynlik de essenen), mei't de uterste perfeksje dage, en sy dêrfan de boadskippers wiene. Soartgelikense seingings, of gebedens, kinne op oare plakken mank de Deade-Seerôlen fûn wurde, en guon saakkundigen binne fan betinken dat se ûnder de sekteleden foar deistich gebrûk bedoeld wiene.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, op dizze side. |