It Nederlânske regear yn 1971; De ministers fan Kabinet-Biesheuvel I mei Keninginne Juliana.

In regear of reagering is in orgaan fan de steatkundige organisaasje, belêste mei de útfierende macht foar in bepaald grûngebiet. It regear hat it foech om de wetjouwing ta útfiering te bringen binnen de grinzen fan it grûngebiet dêr't er it foech oer hat.

Yn Nederlân wurdt it regear ek wolris "kabinet" neamd nei de namme fan de minister-presidint, omdat in kabinet de groep is fan persoanlike meiwurkers fan heechpleatste peroanen (bygelyks de kening of de ministers).

Yn hast alle demokratyske lannen wurde ferkiezings hâlden foar de wetjouwende organen, en foarmet de sterkste politike partij it regear (mearderheidssystemen lykas Frankryk of Grut-Brittanje) of noadiget de sterkste partij dan guon oare partijen út foar it foarmjen fan in koalysjeregear (bygelyks Nederlân en Belgje).

Gearstalling

It Nederlânske regear bestiet út de keninginne en de ministers. De ministers foarmje de ministerried, dy't foarsitten wurdt troch de minister-presidint. Tegearre mei de ministers foarmje de steatssekretarissen it Nederlânsk kabinet.

De meiwurkers fan de keninginne hearre ta it Kabinet fan de Keninginne.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.