In rederij is in bedriuw dy't him dwaande hâldt mei it útrissen en eksploitearjen fan skippen. De skippen fan in rederij farre ûnder ien mienskiplike namme.
Reder
In reder is immen dy't ien of mear skippen útrist en eksploitearret. By in reder farre de skippen net ûnder ien mienskiplike namme. In skip kin hielendal eigendom wêze fan in reder, mar in reder kin it eigendom likegoed mei ien diele of himsels reder neame te kinnen.
Rjocht
In grut part fan it Nederlânske transportrjocht dat brûkt wurdt foar rederijen en skippen is regele yn Boek 8 fan it Boargerlik Wetboek. Yn Nederlân is in rederij gjin juridyske persoan (sjoch kêst 8:160 lid 2 BW). Yn Dútslân kin dat neffens de hannelswet wol.
Fryske rederijen
- Rederij Doeksen, nei Flylân en Skylge
- Rederij Eigen Feartsjinst Skylge, nei Skylge
- Wagenborg, nei It Amelân en Skiermûntseach
- AG Ems, nei Boarkum en it Hilgelân
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.