Rebecca Wild
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rebecca Wilde, Christina Cruise
echte nammeûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne4 april 1972
berteplakColumbus (Ohio)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf19911993
19962001
offisjele webside
n.f.t.

Rebecca Wild, echte namme ûnbekend (Columbus (Ohio), 4 april 1972), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Har skûlnamme waard ek wol (mis)stavere as Rebecca Wilde, en hja makke ek wol gebrûk fan 'e artystenamme Christina Cruise. Wild sette yn 1991 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2001 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

Wild waard yn 1972 berne yn Columbus, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Ohio. Doe't se yn 1990 mearderjierrich waard, begûn se in wurkpaad as stripper, wêrby't se yn 't earstoan yn stripklubs yn Ohio wurke, foar't se letter ek dûnse yn gelegenheden yn Súd-Karolina en New York. Yn 1992, doe't se tweintich jier wie, makke Wild har debút yn in pornografyske film yn Deep Inside Dirty Debutantes 1 fan regisseur Ed Powers.

Letter wurke se gauris gear mei regisseur en akteur Buck Adams, lykas yn 'e tige súksesfolle film Babewatch (1994), in pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch. Dy pornofilm wie sa populêr dat der in hiele rige ferfolgen op makke waarden, al spile Wild inkeld yn diel 1 en 2, mei in cameo yn diel 4. Doe't se yn 1993 mei ûnderwizer Rob King troud wie, stapte Wild inkele jierren út 'e pornoyndustry, hoewol't dat amper opfoel om't de filmstudio's yn dy tiid earder opnommen wurk fan publisearren. Nei har skieding makke se yn 1996 in comeback. Uteinlik loek se har yn 2001 foargoed út 'e pornoyndustry werom.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Rebecca Wild yn totaal yn 297 pornofilms. Dêrby wurke se foar sokke foaroansteande labels as Sin City, VCA Pictures, Vivid Entertainment en Elegant Angel. Fierders wie se ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas Leisure Time Entertainment, Coast to Coast Video, Caballero Home Video, Metro, Napali Video en Taylor Wane Productions. Yn 1995 waard se nominearre foar twa AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), foar bêste aktrise (foar har rol yn No Motive), en yn 'e mande mei Buck Adams foar bêste sekssêne mei in pearke (foar harren optreden yn Babewatch).

Under har karriêre spile Wild yn ien sêne mei kollega-aktrises as Asia Carrera, Danyel Cheeks, Kylie Ireland, Jessica Jewel, Jill Kelly, Sally Layd, Heather Lee, Jordan Lee, Brittany O'Connell, Papillon, Rocki Roads, Alexandra Silk, Sydnee Steele, Kobe Tai, Stacy Valentine, Taylor Wane en Kitty Yung. Ek wurke se gear mei manlike tsjinspilers as T.T. Boy, Tom Byron, Mark Davis, Jon Dough, Billy Glide, Mike Horner, Brandon Iron, Ron Jeremy, Sean Michaels, Peter North, Joey Silvera, Jake Steed, Lexington Steele, Tony Tedeschi, Frank Towers, Vince Vouyer en Randy West.

Njonken har aktearwurk posearre Wild neaken foar alderhanne neakenblêden. Sa stie se op 'e omslaggen fan û.m. Fox, Gent en D-Cup. Fierders reizge se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Sûnt se har yn 2001 út 'e pornoyndustry weromloek, hat Wild neat mear fan har hearre litten.

Lichemsskaaimerken

Rebecca Wild is blank, mei hazzenútkleurige eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre yn 'e pornoyndustry 1.63 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en cupmaat 34DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hie. Utsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hie Wild gjin piercings, en likemin hie se tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
1995 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Buck Adams) Babewatch
nominearre bêste aktrise (film) No Motive

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.