Reality Kings
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
typeprivaat
sektorpornografyske webside
haadkertierMiami Beach (Floarida)
oprjochte2000
oprjochterFeras Antoon
eignerMindGeek
memRK Netmedia
offisjele webside
Reality Kings

Reality Kings, soms ôfkoarte ta RK, is in Amerikaanske pornografyske webside en filmstudio dy't fêstige is yn Miami Beach, yn 'e steat Floarida. It bedriuw is eigendom fan it yn 2000 oprjochte RK Netmedia, krektlyk fêstige yn Miami Beach, dat teffens in stikmannich minder bekende pornografyske websiden yn besit hat, lykas CumFiesta.com, MilfHunter.com, CaptainStabbin.com, 8thStreetLatinas.com en RoundAndBrown.com. Yn 2012 waard RK Netmedia oernommen troch de yn Lúksemboarch fêstige porno-mulitnational MindGeek (foarhinne Manwin)[1], dy't û.m. ek konkurrint Brazzers en de Amerikaanske pornostudio Digital Playground yn besit hat, en de websiden fan Wicked Pictures beheart.

Sjenre

Sûnt syn oprjochting is Reality Kings it mulpunt wurden fan in netwurk fan in stik as 25 websiden dy't in grut ferskaat oan pornografyske subsjenres oanbiede, lykas Aziatyske, Latynsk-Amerikaanske, ebony (swarte) en ynterrasiale pornografy, tiner-, reality-, amateur- en milfpornografy, njonken porno fan it grutteboarste- en gruttekontesjenre. Tsien fan dy websiden binne ûnderbrocht by de ymprint Muffia. Yn 2009 begûn Reality Kings fierders it programma Money Talks te meitsjen foar it betelkanaal Playboy TV. Datselde jiers sette it bedriuw ek útein mei in eigen betelstjoerder, Reality Kings TV (RKTV), dêr't se de ynhâld fan harren websiden (en dy fan Bang Bros) op útstjoere.

It Flaglermonuminteilân, foar de kust fan Miami Beach.

Skandalen

Reality Kings hat behelle west yn ferskate skandalen. Sa waard it bedriuw yn 2010 oanklage troch de Florida A&M University (FAMU) foar it skea ta tabringen oan 'e goede namme fan 'e universiteit troch it opnimmen fan in fideo foar de webside DareDorm.com, wêryn't acht (mearderjierrige) tiners dy't neffens eigen sizzen studinten oan 'e universiteit wiene, seksuële omgong mei-inoar hiene. Reality Kings en de FAMU kamen bûten de rjochtseal ta in skikking, wêrby't Reality Kings de universiteit in skeafergoeding fan $120.000 betelle.

Fierders hat Reality Kings ek skikkings troffen yn 26 saken mei muzykprodusinten, foar piraterij fan nûmers om as eftergrûnmuzyk foar harren pornosênes te brûken. Yn 2011 ûntstie der in skandaal doe't Reality Kings op ljochtskyndei in sêne opnaam op Flagler Monument Island, foar de kust fan Miami Beach. Dy saak is noch yn ûndersyk by de plysje.

En itselde jiers waard it bedriuw oanklage troch in frou dy't úthold dat yn in sêne op 'e webside CumFiesta.com har fuortrûne minderjierrige dochter Bieyanka Moore de haadrol spile. It ferwar fan Reality Kings wie dat Moore in ferfalske identiteitsbewiis brûkt hie om harren wiis te meitsjen dat se mearderjierrich wie, en dat se dêrmei net inkeld harren bedriuw foar de gek holden hie, mar ek ûnderskate steats- en federale oerheidsynstânsjes, en dat Reality Kings yn dizzen sadwaande gjin blaam trof.

Sub-netwurken

Boarne:[2]

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pardon, Rhett, Manwin, RK Netmedia File Plan to Merge 20 april 2012
  2. List fan sub-netwurken fan Reality Kings, ynsjoen 1 septimber 2017

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.