Reahel (De Fryske Marren) | |
---|---|
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | Skoatterlân |
Stimmen | 16 |
Ynwenners (2004) | 230 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 55' NB, 5° 49' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8507 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Reahel (ek Roode-Hel of Nijegea) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de noardeastkant fan de Tsjûkemar. It doarp hat likernôch 230 ynwenners (2004). De buorren fan it doarp binne yn de rin fan de tiid foar it meastepart weislein troch de mar. Sa is it doarp ek de tsjerke mei klokkehûs en hôf kwytrekke. De ynwenners wenje no ferspraat oer in grut gebiet, sûnder in oanwiisbere beboude kom.
De namme komt fan de grûn dy't hjir wat reader is as op oare plakken yn de omkriten; "hel" soe ferwize nei "hichte", of krekt nei "hol", leechte. In oare ferklearring hâldt ferbân mei in leginde oer it ûntstean fan de Tsjûkemar, hjir soe ea in bosk stien hawwe dat ôfbaarnd is. De fjoergloede fan it baarnende fean (en de bosk) soe de namme "reade hel" ferklearje.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie yn Reahel in tuskenstasjon foar de ôffier fan joaden. Letter is it as tuskenstasjon brûkt foar de opfang fan Molukkers. De lokale befolking neamde it kamp nei de oarloch it Ambonezekamp.
Nei de oarloch waard der in fuotbalferiening oprjochte en der waard spile flakby it kamp, der waarden ek in soad bewenners fan it "Amboneze-kamp" lid fan dy fuotbalferiening. De namme fan dy fuotbalferiening is noch altiten "De Wite Peal", mar sit wyls yn Sint Jansgea.
Eartiids hat Reahel in tsjerke mei tsjerkhôf hân, mar dy is yn de Tsjûkemar ferdwûn. Men kin de grêfstiennen noch wol fiele op de boaiem fan de mar.
- Boerd by Fjouwerhûs, dat ûnder Reahel falt.
Strjitten
De Bongerd, De Vriehof, Fjouwerhûsterwei, Frank en Vrijhof, Kwekerijwei, Marwei, Tsjerkewei, Wredehof.
Iepenbier ferfier
- Line 48: It Hearrenfean - Rottum - Sint Jansgea - Rotsterhaule - Reahel - Fjouwerhûs - Dolsterhuzen - Ychtenbrêge - Ychten - Eastersee - De Lemmer vv.