readhalsdûker
In pearke readhalsdûkers. It skinken fan wetterplanten makket diel út fan 'e hofmakkerij.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdûkereftigen (Podicipediformes)
famyljedûkerfûgels (Podicipedidae)
skaaidûkers (Podiceps)
soarte
Podiceps grisegena
Boddaert, 1783
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De readhalsdûker (Podiceps griseigena) is krekt in slach lytser as de hjerringslynder. De 45 sm grutte fûgel komt allinnich yn de winter nei Fryslân. De readhalsdûkers briede meast yn East-Jeropa; oerwinterje dogge se rûnom de Noardsee mar ek wol yn Súd-Jeropa.

Uterlik

De readhalsdûker is yn it briedseizoen goed wer te kennen oan syn reade hals en syn griis-wite wangen. Winterdeis is er lykwols in stik minder maklik werom te kennen, om't er dan meast griis is. It meast opfallend is dan syn swarte snaffel mei giele woartel.

Aaien fan 'e readhalsdûker.

Fuortplanting

Lykas de hjerringslynders begjinne ek de readhalsdûkers yn april/maaie oan in opfallende pearfoarming. Foaral it wyfke briedt de 3-6 aaien yn sa'n 23 dagen út. De jongen ferlitte fuort it nêst mar sitte de earste 10 dagen noch wol by de âlden op de rêch. Dêrnei moatte se sels swimme. Nei sa'n 8-10 wike kinne se harsels rêde.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.