reade mosk | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Carpodacus erythrinus | ||||||||||||
Kaup, 1829 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmergast wintergast |
De Reade mosk (Carpodacus erythrinus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). Oarspronklik briedt de fûgel yn it paléarktysk gebiet, mar tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw hat de reade mosk syn areaal oant yn Nederlân en Switserlân útwreide. De reade mosk is in trekfûgel, dy't yn 'e súdlike dielen fan Aazje fan Iran oant yn súdeastlik Sina oerwinteret.
Beskriuwing
De reade mosk is 13,5 oant 15 sm lang. It boarst, de kop en stút fan it mantsje is read, fierder is dy fan boppe brúngriis. It reade boarst giet stadichoan oer yn in ljochtgrize búk. It wyfke is net opfallend fan kleur en liket op it wyfke fan 'e mosk of koarnmosk. Opfallend binne de foarse snaffel en lytse donkere kraaleachjes en de bêzje fleugelstrepen.
Nêst
De wyfkes meitsje yn maaie suterige nêsten, dy't goed ferside ûnder yn strewellen of tichte begroeiing sitte. Der wurde ien kear fjouwer oant seis aaikes lein, dy't nei 11 oant 14 dagen útkomme. Nei 10 oant 13 dagen kinne de jongen útfleane, dy't dêrnei noch twa wiken fuorre wurde.
Fersprieding
De reade mosk hat in grut ferspriedingsgebiet, dat de lêste tiid grutter woarn is. De fûgel mei graach op fochtige plakken wêze mei hjir en dêr beammen en strewellen. De fûgel mosk komt ek yn parken mei beammen en strûken foar.[1]
Yn 1987 waard yn Nederlân foar it earst in briedend pearke op Skiermûntseach fêststeld. Dêrnei naam it tal reade mosken ta oant 1992, doe't de oantallen wer sakken. De reade mosk wurdt yn Nederlân it meast oan 'e kust yn 'e dunen en op 'e eilannen waarnommen. It tal pearkes wurdt op likernôch 10 oant 20 rûsd (2023). Reade mosken bliuwe net lang yn Nederlân, hja komme healwei maaie en lûke yn augustus oant oktober wer nei harren oerwinteringsgebiet yn Yndia en Súdeast-Aazje.
Undersoarten
De reade mosk is yn fiif ûndersoarten te ferdielen:[2]
- C. e. erythrinus (fan West-Europa oant yn Midden-Sibearje)
- C. e. grebnitskii (East-Sibearje, Noard-Mongoalje, Noardeast-Sina en Korea)
- C. e. kubanensis (Turkije, Kaukasus, Noard-Iran en Turkmenistan)
- C. e. ferghanensis (East-Kazachstan oant West-Sina, westlike Himalaya, Pakistan en Afghanistan)
- C. e. roseatus (Midden- en eastlike Himalaya oant yn Midden- en Súd-Sina)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|