readbrún
kleurkoördinaten
heksadesimaal#A52A2A
RGBª (r, g, b)(165, 42, 42)
CMYKº (c, m, y, k)(0, 75, 75, 35)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Readbrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It wurdt ornaris omskreaun wurde as in readich brún. Kleurtechnysk sjoen is it lykwols eins in tint fan read. Histoarysk en tradisjoneel wurdt dizze kleur 'readbrún' neamd, in beneaming dy't yn elts gefal al yn gebrûk is sûnt 1682, doe't de Ingelske namme red-brown foar it earst fêstlein waard. It is ek de tint dy't keazen is as de webkleur 'brún'. Normaal wurdt lykwols in dûnkere oranjige kleur      as 'brún' beskôge.

Kleurtechnyk

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is readbrún in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch de trije primêre kleuren maginta, giel en syaan te fermingen. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ornaris ynstee fan syaan gebrûk makke fan swart, om't dat bettere resultaten jout.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.