De readboarstkes (Erithacus) is in skaai yn de famylje fan de Miggesnappers (Muscicapidae). It skaai hat trije soarten.

It binne lytse koarte fûgels, mei koarte, ornaris wat omheechstutsen sturtsjes. Hja hawwe in reade as swarte boarste en antlit, in brune rêch en in wite as grize ûnderside. De Readboarstkes ite ynsekten, wjirms ensafuorthinne, dy't hja op 'e grûn opite.

Skiednis

It Readboarstke wie troch Linnaeus klassifisearre as Motacilla rubecula. It skaai Erithacus is ynsteld yn 1800 troch Georges Cuvier. It skaai wie earder part fan de Lysterfûgels (Turdidae), mar it heart no ta de Miggesnappers (Muscicapidae).

It Japanske Readboarstke en it Ryûkyû-readboarstke hearden oarspronklike ta de Gealen (Luscinia), mar om't hja dêr net te plak wienen binne hja no yndield by de Readboarstkes. Fierder ûndersyk jout oan dat mûglik dizze twa soarten, mei nog mear soarten út de Gealen, in apart skaai wêze moatte soenen, apart fan de Readboarstkes en Gealen mar al ûnder de Miggesnappers.

Klassifikaasje

  • Famylje: miggesnappers (Muscicapidae)
    • Skaai: readboarstke (Erithacus)
      • Soarte: readboarstke (Erithacus rubecula)
      • Soarte: Japansk readboarstke (Erithacus akahige)
      • Soarte: Rjûkjûaansk readboarstke (Erithacus komadori)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.