In reüny (fan it Frânske reunion) is in gearkomste fan persoanen dy't yn it ferline faker byinoar kamen en in groep fan it iene of oare soarte foarmen, mar neitiid útinoar gien binne. Redens om in reüny te hâlden, kinne útinoar rinne, mar gauris spilet nostalgy oer "dy goeie âlde tiid" of in spesjaal barren, lykas in jubileum, dêrby in rol.

Eftergrûn

In reüny wurdt faak pas organisearre jierren nei't it lêste kontakt plakfûn hat. Der kinne yn 'e libbens fan 'e dielnimmers yn 'e tuskentiid dan ek in protte dingen feroare wêze. Men is troud, hat bern krigen, hat in hiel oare baan, is emigrearre, ensfh. De organisaasje fan in reüny ferget in protte wurk as it giet om it efterheljen fan alle adressen, benammen om't in soad minsken ûnderwilens ferhuze wêze sille, wylst froulju troch it oangean fan in houlik ek noch faak in oare efternamme krigen hawwe. Sûnt de yntroduksje fan it ynternet binne der mear mooglikheden om bekenden út it ferline op te spoaren, mar der binne ek spesjale buro's dy't har spesifyk talizze op it organisearjen fan reünys.

Soarten reünys

Reünys komme foar yn ferskate soarten. Hiel bekend binne bygelyks de reünys foar âld-learlingen fan in basisskoalle of middelbere skoalle. Dy wurde faak holden yn it skoalgebou, op of deunby de datum dat men dêr fan skoalle gien is. Skoalreünys wurde gauris troch de skoalle organisearre, mar it komt ek foar dat it inisjatyf fan (inkele) âld-learlingen útgiet.

Ek bedriuwen organisearje wol reünys foar âld-wurknimmers. Dat bart almeast as sa'n bedriuw in jubileum fiert. By gruttere bedriuwen en ynstellings wurde reünys ornaris per ôfdieling holden, bgl. as it giet om âld-wurknimmers fan in sikehûs.

In hiel oare foarm fan in reüny is de famyljereüny, wêrby't de leden fan in grutte famylje dy't inoar oars inkeld sjogge op brulloften en begraffenissen, byinoar komme.

Yn 'e muzykyndustry, ta einbeslút, wurdt sprutsen fan in reüny as in band wêrfan't de leden al frij lang útinoar binne en har by in oare band jûn hawwe, in solokarriêre begûn binne of har út 'e publike belangstelling weromlutsen hawwe, noch ien kear gearkomme om in spesjaal optreden te fersoargjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en ûnder References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.