In ras is, wêr't it de minske oanbelanget, in ûnderferdieling fan in klassifikaasjestelsel dat de minsklike soarte opspjalte wol yn ûnderskate populaasjes of groepen op grûn fan anatomyske, kulturele, etnyske, genetyske, geografyske, histoaryske, linguïstyske, religieuze of sosjale skaaimerken.
Skiednis
Histoarysk sjoen waard de oantsjutting "ras" yn ferbân mei de minske yn 't earstoan fral brûkt om nasjonale sibskip oan te jaan. Fan 'e santjinde iuw ôf begûn de wittenskip, yn 't bysûnder de antropology en de fysiology, mei de term de groepen oan te tsjutten dêr't men minsken op grûn fan lichaamlik ûnderskie yn ferdielde. Dy yndieling waard yn ferbân brocht mei de politike hegemony fan it jeropide (blanke) ras, wat wer keppele waard oan 'e kulturele mearweardichheid dêrfan. Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech sok tinken him ta in pseudo-taksonomysk stelsel dat de superioriteit fan beskate rassen en ûnderrassen oer oaren útdroech op grûn fan genetyske skaaimerken.
Tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw wie al dúdlik dat soks nearne op basearre wie, mar likegoed holden guon wittenskippers deroan fêst, en teffens waard dit systeem opnommen yn beskate politike ideologyen, lykas it nasjonaal-sosjalisme, wêrby't it misbrûkt waard foar elektoraal gewin en politike doelen. Harren hichtepunt berikten sokke rasistyske ideologyen ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't miljoenen minsken (Joaden, Sigeuners, Slaven en oaren) fermoarde waarden fanwegen harren ras.
Fanwegen dy genoside is de oantsjutting "ras", as it om minsken giet, in tige beladen en dêrtroch problematyske term wurden, en sadwaande sprekt men hjoed de dei leaver fan populaasjes, folken, etnyske groepen of mienskippen, ôfhinklik fan 'e kontekst. It tawizen fan essinsjele skaaimerken oan beskate groepen minsken, poer op basis fan harren lichaamlik oansjen wurdt no beskôge as efterhelle, en de wittenskip besiket tsjintwurdich soksoarte útlis te ûntmoedigjen. Sterker noch, men fynt dat de oantsjutting "ras" bûten wittenskiplike fermiddens brûkt wurdt op in naïve en simplistyske wize, mei't der ûnder de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane: alle libbene minsken hearre ta de soarte Homo sapiens en ta de ûndersoarte (of it ras) Homo sapiens sapiens. Dat sein hawwende, wurdt de yndieling yn rassen noch allegeduerigen brûkt, en net inkeld yn ûnoffisjele omstannichheden, lykas yn it spraakgebrûk, mar ek yn offisjeel ferbân, lykas by troch de oerheid útfierde folkstellings (al wurdt it wurd "ras" dan almeast omsyld troch in eufemisme te brûken, lykas "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep").
Tradisjonele yndieling
De tradisjonele yndieling yn rassen gie poer út fan lichaamlike skaaimerken, yn 't bysûnder fan hûdskleur. Der wiene trije haadrassen, it jeropide ras (of "it blanke ras"), it mongoloïde ras (of "it giele ras") en it negroïde ras (of "it swarte ras"). It probleem wie fansels wat men dwaan moast mei alle lju dy't net of net hielendal yn ien fan dy kategoryen pasten.
De Yndianen fan 'e Amearika's ("it reade ras") en de Polyneziërs fan 'e Stille Oseaan waarden as ûnderrassen by it mongoloïde ras foege, en de wat dûnkerder tinte folken fan Noard-Afrika, it Heine Easten en Noard-Yndia kamen by it jeropide ras (dêrby ynbegrepen de Etiopyske folken en oare Afrikanen, lykas de Somaliërs). De slimste swierrichheden foar it rassesysteem waarden feroarsake troch de swarte folken bûten Afrika: de Dravidiërs fan Súd-Yndia en Sry Lanka; de Wedda's fan Sry Lanka; de lânseigen befolking fan 'e Andamanen, yn 'e Golf fan Bengalen; de Negrito-folken fan Súdeast-Aazje, de Papoea's fan Nij-Guineä en omlizzende eilannen; de Melaneziërs fan 'e westlike Stille Oseaan; en de Aboriginals fan Austraalje. Dy groepen hiene dan wol in swarte hûdskleur, mar guon oare fysiologyske skaaimerken wieken totaal ôf fan 'e swarte Afrikanen.
Ut dizze problematyk docht fansels mei-iens bliken dat it rassestelsel eins in optochte klassifikaasje wie, dy't mar loskes op 'e wurklikheid basearre wie. It ûndeugdlike systeem dêr't men úteinlik mei op 'e lapen kaam, wie sa:
- it jeropide ras
- it Aryske ras (de Yndo-Jeropeeske folken)
- it Hamityske ras (alle Afro-Aziatyske folken, útsein de Semiten, mar bgl. de Somaliërs ynbegrepen)
- it Semityske ras (de Semityske folken, ynkl. de Etiopyske folken)
- it mongoloïde ras
- it Amerikaanske ras (de Yndianen)
- it Eskimo-ras (ynkl. guon folken yn East-Sibearje)
- it Japanske en Koreaanske ras
- it Maleiske ras
- it Maory-ras (de Maory fan Nij-Seelân binne eins Polyneziërs)
- it Mikronezyske ras
- it Noardmongoalske ras (de Mongoalske, Turkske, Toengoezo-Mantsjoeske en Oeralyske folken, dus ynkl. Turken, Finnen, Samen en Hongaren)
- it Polynezyske ras
- it Sineeske en Yndosineeske ras
- it Tibetaanske ras
- it negroïde ras
- it Afrikaanske ras (de swarte befolking fan Afrika besuden de Sahara, útsein de Hoarn fan Afrika)
- it australoïde ras (de Australyske Aboriginals en Papoea’s)
- it kapoïde ras (de Hottentotten en Boskjesmannen)
- it Melanezyske ras (faak ek ta it australoïde ras rekkene)
- it Negrito-ras (faak ek ta it australoïde ras rekkene)
- yndieling ûnwis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |