Rape Me
algemiene ynformaasje
B-kantAll-Apologies (dûbele A-kant)
artystNirvana
albumIn Utero
taalIngelsk
sjenreGrunge
útbrocht6 desimber 1993
opnommenPachyderm Studio's
febrewaris 1993
doer2:49
labelDGC
skriuwerKurt Cobain
produsintSteve Albini
resultaten
hitlistenflagge fan Nederlân Top 40 - 32,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 36,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 31
sertifisearre Grut-Brittanje goud

Rape Me is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn febrewaris 1993 en útbrocht op it album In Utero fan Nirvana út 1993. Rape Me wie it fjirde nûmer op it album en waard op 6 desimber útbrocht as twadde single en lêste single fan it album, tegearre mei it nûmer All-Apologies as dûbele A-kânt.

Oer it nûmer

Rape Me waard yn maaie 1991 skreaun troch Kurt Cobain, en waard al yn juny dat jier foar it earst live spile. Yn iere live-útfieringen siet yn it nûmer in gitaarsolo yn stee fan in brêge. Oarspronklik woe de band it nûmer ek live spylje op de MTV Video Music Awards fan 1992, mar MTV gie hjir net mei akkoart, om't sy tochten dat it nûmer oer de stjoerder gie. By it optreden spile Cobain al de earste pear akkoarden fan Rape Me, mar dêrnei sette er Lithium yn.

Alhoewol't der gjin fideoklip makke waard foar it nûmer, waarden ideeën foar twa potinsjele klips publisearre yn Journals, in boek mei skriften en tekeningen fan Cobain, dat yn 2002 útbrocht waard.

Muzikanten

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.