In rampefilm is in film oer in ramp dy’t kommendeweis is of geande is, lykas fulkaanútbarstings, brannen, nukleêre rampen, sykten, ierdbevings ensafuorthinne.

Skaaimerken

Ferneatige Boeing 747 dy't brûkt waard op de set fan War of the Worlds. Hjoed de dei noch te besjen by de Universal Studios

Yn rampefilms spylje gauris in soad akteurs (faak grutte stjerren) en sitte mear ferhaallinen. Kwa ferhaal binne rampefilms ûnder te ferdielen yn trije groepen:

  • De earste groep befettet films dêr’t alles yn draait om in ramp op kommendewei. Yn dy films is de wichtichste plot faak dat se besykje de ramp te kearen of har der sa goed mooglik op ta te rieden (bygelyks Armageddon).
  • De twadde groep giet om films dêr’t hast de hiele film of in grut part derfan him ôfspilet ûnder de ramp. Dêryn is de wichtichste ferhaalline dat se besykje dy ramp te oerlibjen (bygelyks Dante's Peak).
  • De tredde groep befettet films dêr’t de ramp al frij gau yn de film of sels foar’t dy begjint syn beslach krijt, wêrnei’t de rest fan it ferhaal giet om hoe’t se mei de gefolgen fan de ramp omgeane (bygelyks I Am Legend).

Meastal stjert op syn minst ién haadpersonaazje, en in soad fan de oare personaazjes.

Skiednis

Rampefilms binne al sawat sa âld as it filmmedium sels. De film Intolerance (1916) fan D.W. Griffith befettet eleminten fan in ramp, krekt as de films út de tritiger jierren San Francisco (ierdbeving) en In Old Chicago (brân). It sjenre sloech foar master op yn de santiger jierren, nei it súkses fan Airport. Films út dy tiid binne ûnder oare The Poseidon Adventure, The Towering Inferno en Earthquake.

In koarte weroplibbing krige de guit yn de midden fan de njoggentiger jierren, doe’t spesjale effekten rampen mei mear spektakel mooglik makken. Yn 1996 mong Independence Day in sciencefictiontema (bûtenierdske ynfaazje) mei rampefilmeleminten. Fierder folgen Twister, Daylight, Volcano, Dante's Peak en de twa meteoritefilms Armageddon en Deep Impact. Yn 1997 ferskynde ek de film Titanic.

Soarten rampen

De oarsaken fan de rampen kinne ûnderskaat wurde yn de folgjende kategoryen:

  • Natoerrampen op ierde:
    • The Day After Tomorrow
    • Dante's Peak
    • The Poseidon Adventure
    • Twister
    • 2012
  • Natoerrampen mei bûtenierdsk ûnheil:
    • Armageddon
    • Deep Impact
    • Knowing
    • Independence Day
    • War of the Worlds
  • Ungemakken mei technyk lykas bewegend reau en masines:
    • Titanic
    • Godzilla
    • Airport
    • The China Syndrome
  • Epidemyen fan syktes en firussen:

Gefolgen

De gefolgen kinne ferskaat wêze.

  • Sa kinne minsken opsletten sitte yn in bouwurk:
  • Of yn in transportmiddel:
    • The Poseidon Adventure
    • The Perfect Storm
    • Airport
    • Titanic
  • Ek hiele mienskippen kinne yn de problemen komme:
    • War of the Worlds
    • The Day After Tomorrow
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.