Ragnagar (480 - 509) wie in foarst (kening of hartoch) fan de Salyske Franken. Hy hie syn residinsje yn Kameryk en wie famylje fan Klovis. Der binne ek twa broers fan him bekend, Ricchar en Rignomer.
Skiednis
Ragnagar hearste fanut Kameryk oer in part fan de Romeinske provinsje Belgica in Noard-Galje. Mei Klovis loek Ragnagar oan it haad fan de Salyske Franken op tsjin it Gallo-Romeinske Ryk fan Syagrius. By Soissons fersloegen sy yn 486 tegearre de Romeinen, wêrtroch hiel Noard-Galje oant de rivier de Loire yn Frankyske hannen kaam.
Nei de oerwinning op de Fisigoaten yn 507 kearde Klovis him tsjin Ragnagar. Likernôch waard Ragnagar yn 509 ferslein en dea makke. Syn grûngebiet waard tafoege oan it Frankyske Ryk fan Klovis.
Boarne
Literatuer
- Edward James, De Franken, Baarn, 1988, s. 100.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.