Rafael Leónidas Trujillo (San Cristóbal, 24 oktober 1891 – Ciudad Trujillo, 30 maaie 1961) wie in politikus en militêr út de Dominikaanske Republyk.
Fan 1930 oant 1961 regearre er dat lân as in diktator. Fan 1930 oant 1938 en fan 1942 oant 1952 wie er presidint. De tritich jier dat er de macht hie wurde beskôge as ien fan de meast bluodrige tiidrekken ea yn de skiednis fan Amearika, mar ek as in tiid fan klassike persoansferhearliking. Monuminten fan Trujillo wienen der by de roes.
Under Dominikanen is syn regear ferneamd as it Trujillotiidrek (Spaansk: La Era de Trujillo). Hy krige de bynamme chapita (kroankoark). Dat makke him dûm, dat hy ferbea it wurd chapita. In oare bynamme foar Trujillo wie "de bok" (El chivo), om reden fan syn protte ferhâldingen bûten it houlik om.