RTV Noord
mediumradio, tillefyzje
nasjonaliteit Nederlânsk
taalNederlânsk, Grinslânsk
oprjochte19 oktober 1977 (as Radio Noord)
haadkertierMediasintrale, Grins
ûntfangstgeb.Grinslân
eignern.f.t. (selsstannige omropstifting)
websidewww.rtvnoord.nl

RTV Noord is de regionale telefyzje- en radiostjoerder fan 'e Nederlânske provinsje Grinslân. De stjoerder waard 19 oktober 1977 oprjochte doe't de eardere RONO opdield waard yn Radio Fryslân (foar Fryslân), Radio Noord (foar Grinslân en Drinte) en Radio Oost (foar Gelderlân en Oerisel). Sûnt 1989 is Radio Noord in omrop eksklusyf foar de provinsje Grinslân.

Radio Noord

De radioôfdieling fan RTV Noord stjoert 24 oeren deis út op 97,5 MHz. De programmearing befettet in protte nijs út 'e regio, mar hat ek muzykprogramma's en útstjoerings yn it Grinslânsk dialekt. Tusken 6:00 en 19:00 oere binne der presintearre programma's; jûns en nachts wurdt oan ien stik troch muzyk draaid.

TV Noord

De telefyzjeôfdieling fan RTV Noord makke fan 1995 oant 2012 deis in oere telefyzje mei dêryn romte foar in healoere nijs, sport en eftergrûnen. Yn it oare healoere wienen ferskate programma's te besjen lykas Kunstschatten, Vrouger, en Cunera op vrijdag. Sûnt 2012 is de programmearing ynkoarte ta in healoere, dat bestimd is foar it programma Noord Vandaag. Nei it nijs en it waar is sûnt febrewaris 2013 wol wer it kwisprogramma Klouk te besjen.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.