Gebouwen fan ROC Friese Poort yn Drachten

It ROC Friese Poort (Nederlânsk foar Fryske Poarte) wie in regionaal opliedingssintrum yn Fryslân en Flevolân. De skoalle hat fêstigingen yn Dokkum, Drachten, Emmeloard, Ljouwert, Snits en op Urk. It kristlike opliedingssintrum bestiet út fjouwer ûnderdielen:

ROC Friese PoortMiddelber beropsûnderwiis en edukaasje mei folslein deiûnderwiis, dieltiidûnderwiis en lear-wurktrajekten foar jongerein en folwoeksenen
⌊ Sintrum Fakopliedingenop praktyk rjochte oplieding foar bedriuwen, ynstellingen en partikulieren
⌊ Oplieding & TreningOpliedingen en treningen op maat foar bedriuwen en ynstellingen
⌊ JûnakademyOpliedingen en kursussen foar folwoeksenen

Firda

Mei yngong fan 1 jannewaris 2023 foel de skoalle ûnder ien bestjoer mei it Fryslân Kolleezje. Mei yngong fan 1 augustus 2023 waard de fúzje definityf en giene beide organisaasjes tegearre fierder ûnder de namme Firda.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.