RKO (Radio-Keith-Orpheum) Pictures is in Amerikaansk filmproduksjemaatskippij, dy't yn de Gouden Tiid fan Hollywood gou as ien fan de fiif wichtichste filmstudio's. De studio ûntstie yn 1928, doe't ûnder tafersjoch fan de Radio Corporation of America (RCA) de bioskoopkeatling Keith-Albee-Orpheum (KAO) en de studio Film Booking Offices of America (FBO) byinoar brocht waarden. De RCA brocht de twa bedriuwen byelkoar om in merk te skeppen foar de RCA Photophone, de lûd-yn-filmtechnyk fan it bedriuw.
De filmstudio hie syn grutste súksessen yn de jierren tritich en fjirtich, mei de musicals mei Fred Astaire en Ginger Rogers, de horrorfilms fan produsint Val Lewton en de komeeedzjes mei Katharine Hepburn en Cary Grant. Ek waarden films lykas King Kong en Citizen Kane by dizze studio útbrocht, en ek de earste lange spylfilms fan Walt Disney.
Lette jierren fjirtich waard de studio oernaam troch Howard Hughes en noch wer letter troch General Tire and Rubber Company. De filmproduksje hold op ein jerren fyftich en yn 1959 waard de namme feroare yn RKO General. Yn de jierren tachtich pakte de studio de filmmakkerij wer foarsichtich op.
Films
In tal fan de ferneamdste films dy't troch RKO útbrocht binne:
- The Most Dangerous Game (1932, rezjy Irving Pichel en Ernest B. Schoedsack)
- King Kong (1933, rezjy Merian C. Cooper en Ernest B. Schoedsack)
- Little Women (1933, rezjy George Cukor)
- The Gay Divorcee (1934, rezjy Mark Sandrich)
- Top Hat (1935, rezjy Mark Sandrich)
- The Informer (1935, rezjy John Ford)
- Swing Time (1936, rezjy George Stevens)
- Stage Door (1937, rezjy Gregory La Cava)
- Bringing Up Baby (1938, rezjy Howard Hawks)
- The Hunchback of Notre Dame (1939, rezjy William Dieterle)
- Gunga Din (1939, rezjy George Stevens)
- My Favorite Wife (1940, rezjy Garson Kanin)
- Citizen Kane (1941, rezjy Orson Welles)
- Suspicion (1941, rezjy Alfred Hitchcock)
- Mr. & Mrs. Smith (1941, rezjy Alfred Hitchcock)
- The Magnificent Ambersons (1942, rezjy Orson Welles)
- Cat People (1942, rezjy Jacques Tourneur)
- I Walked with a Zombie (1943, rezjy Jacques Tourneur)
- The Outlaw (1943, rezjy Howard Hughes)
- Murder, My Sweet (1944, rezjy Edward Dmytryk)
- The Body Snatcher (1945, rezjy Robert Wise)
- Notorious (1946, rezjy Alfred Hitchcock)
- The Spiral Staircase (1946, rezjy Robert Siodmak)
- Out of the Past (1947, rezjy Jacques Tourneur)
- Crossfire (1947, rezjy Edward Dmytryk)
- The Bachelor and the Bobby-Soxer (1947, rezjy Irving Reis)
- Mr. Blandings Builds His Dream House (1948, rezjy H.C. Potter)
- The Narrow Margin (1952, rezjy Richard Fleischer)
- Cat People (1982, rezjy Paul Schrader)
- Hamburger Hill (1987, rezjy John Irvin)
- Mighty Joe Young (1998, rezjy Ron Underwood)