lytse bearen | ||
De waskbear (Procyon lotor) is de bekendste fertsjintwurdiger fan 'e lytse bearen. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | poalrôfdieren (Arctoidea) | |
boppefamylje: | marterdieren (Musteloidea) | |
famylje: | lytse bearen (Procyonidae) | |
Gray, 1825 | ||
De lytse bearen of waskbeareftigen (wittenskiplike namme: Procyonidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e poalrôfdieren (Arctoidea) en de boppefamylje fan 'e marterdieren (Musteloidea). Ta dizze famylje hearre 14 ûnderskate soarten middelgrutte omnivoare bisten, wêrfan't de waskbear (Procyon lotor) sûnder mis it bekendst is. De lytse bearen binne yn harren fersprieding beheind ta Noard- en Súd-Amearika. Nettsjinsteande de oantsjutting "lytse bearen" binne dizze bisten eins nauwer besibbe oan 'e martereftigen (Mustelidae), de stjonkdieren (Mephitidae) en de lytse panda's (Ailuridae) as oan 'e bearen (Ursidae).
Skaaimerken
De lytse bearen binne middelgrutte bisten mei in langhalich, slank lichem en in lange sturt. De kop is frij rûn en de earen binne lyts oant middelgrut. Lytse bearen binne saneamde soalgongers, dy't rinne op 'e soallen fan 'e poaten. De efterpoaten binne ornaris wat langer as de foarpoaten en de fiif teannen binne foarsjoen fan sterke klauwen. Lytse bearen binne tige handich mei de foarpoaten, dy't suver wol lytse 'hantsjes' lykje. It binne omnivoaren, dy't sawol dierlik as plantaardich guod frette. Lytse bearen binne goede klimmers. De measte soarten binne nachtaktyf. Se komme foar yn in ferskaat oan biotopen, fan it tropysk reinwâld oant de iepen flakte en fan berchtmen oant moerassen. Ien soarte, de waskbear, hat him ek oanpast oan it libjen yn grutte stêden.
Famylje-opbou
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|