Quito
San Francisco de Quito
Fan boppe lofts nei rjochts: Basílica del Voto Nacional, Tsjerke en kleaster fan St. Fransikus; Kuluereelsintrum Itchimbia, Urban Plaza Tower, Paleis fan Carondelet; El Panecillo, stânbyld Faam fan Quito, Nasjonaal teater Sucre, CFN Toer; en de skyline fan Noard-Quito.
Fan boppe lofts nei rjochts: Basílica del Voto Nacional, Tsjerke en kleaster fan St. Fransikus; Kuluereelsintrum Itchimbia, Urban Plaza Tower, Paleis fan Carondelet; El Panecillo, stânbyld Faam fan Quito, Nasjonaal teater Sucre, CFN Toer; en de skyline fan Noard-Quito.
Polityk
LânEkwador
ProvinsjePichincha
KantonQuito
Sifers
Ynwennertal1.397.698 (2001)
Oerflak324 km²
Befolkingsticht.4.313,9/ km²
Stêdekloft1.842.201, 4.204 km²
Hichte2850 m
Oar
Stifting6 desimber 1534
TiidsôneECT (UTC-5)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjele webside Kwito
Sintrum fan Quito

Quito (offisjele namme, Spaansk: San Francisco de Quito) is de haadstêd fan Ekwador yn it noard-westen fan Súd-Amearika. De stêd leit yn noard-sintraal Ekwador yn de delling fan de rivier Guayllabamba, op de eastskeanten fan de fulkaan Pichincha, in noch aktive stratofulkaan yn it Andesberchtme. Mei in befolking fan 1.397.698 neffens de lêste folkstelling yn 2001, en 1.504.991 yn 2005, neffens in rûzing fan de gemeente, is Kwito de twads grutste stêd fan Ekwador, nei Guayaquil. Kwito is ek de haadstêd fan de provinsje Pichincha en de sit fan it kanton Quito. Yn 2008 waard de stêd oanwiisd as haadkertier fan de Uny fan Súd-Amearikaanske Naasjes.

It Plaza de La Independencia, it sintrale plein fan Quito, leit op in hichte fan 2800 m; it makket Kwito de twds heechst lizzende regearingstêd fan de wrâld (nei La Paz, Bolivia).

It grutte sintrale plein fan Quito leit sa'n 25 kilometer besuden de evener. In monumint en museum jouwe rûchwei it plak fan de evener oan, pleatslik bekend as la mitad del mundo ('it midden fan de wrâld).

Quito wie yn 1978, mei Krakau, it earste plak dêr't de UNESCO beskate lokaasjes ta wrâlderfgoed ferklearre.

Administrative yndieling

Quito is ferparte yn acht administrative sônes. Dy sônes omfiemje net allinne de stêd Quito, mar de hiele metropolitane regio.

De acht sônes:

  • Zona Equinoccial (La Delicia)
  • Zona Calderón
  • Zona Norte (Eugenio Espejo)
  • Zona Centro (Manuela Sáenz)
  • Zona Sur (Eloy Alfaro)
  • Zona de Tumbaco
  • Zona Valle de Los Chillos
  • Zona Quitumbe

Koarte skiednis

Yn de heechlannen fan Quito wenne oant yn de 13e iuw it folk fan de Quitus, dat letter oerhearske waard troch de Caras út de kustgebieten. Beide folken fermongen har ta de Shyry en dat folk bleau yn dy kontreien oant de komst fan de Inka's yn de 15e iuw.

Nei de ferôvering troch de Inka's wie Quito neist Kûzko en Kajamarka (beide yn it Perû fan no) in stêd fan belang yn it Inkaryk. De stêd waard it sintrum fan keizer Atahualpa syn ryk; hy rekke yn oarloch mei syn broer Huaskar dy't fanút Kuzko operearre. Under de ferovering troch de Spanjerts yn 1534 waard de stêd oant de grûn ta ôfbaarnd, mar fannijs stifte ûnder de namme Muy noble y muy leal ciudad de San Francisco de Quito ('Tige heechsteande en tige loyale stêd fan Sint Fransiskus fan Quito').

Quito groeide yn 300 jier tiid út ta in stêd fan likernôch 10.000 ynwenners. Op 10 augustus 1809 begûn yn Quito de rop om ûnôfhinklikens fan Spanje. Yn 1822 fersloegen ûnôfhinklikheidsstriders it Spaanske leger, en it lân sleat him dêrnei oan by de Republyk Grut-Kolombia fan Simón Bolívar. Yn 1830 foel dy republyk út elkoar en waard Ekwador in ûnôfhinklike republyk mei Quito as haadstêd.

Yn de 20e iuw groeide Quito omraak, benammen troch de yndustrialisaasje en de migraasje fan it plattelân nei de stêd.


San Francisco Plaza, Quito


Distrikt Guápulo

TelefériQo

Partnerstêden

  • flagge fan Argentynje Buenos Aires (Argentynje)
  • flagge fan Kolombia Bogota (Kolombia)
  • flagge fan de Feriene Steaten Louisville (Feriene Steaten)
  • flagge fan de Feriene Steaten Coral Gables (F. S. )
  • flagge fan Kanada Toronto (Kanada)
  • flagge fan Nikaragua Managûa (Nikaragua)
  • flagge fan de Falklâneilannen Buxton (Grut-Brittanje)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.