Quill Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foarliteratuer
útrikt trochQuill Foundation
frekwinsje1x jiers
ynsteld2005
opheft2007
offisjele webside
www.thequills.org

De Quill Awards ("Guozzefearprizen") wiene in groep Amerikaanske literatuerprizen dy't fan 2005 oant en mei 2007 trije jier lang yn tweintich ûnderskate kategoryen útrikt waarden mei as doel om it lêzen fan boeken te befoarderjen. De organisaasje efter dizze prizen wie de Quill Foundation, in gearwurkingsferbân fan in stikmannich foaroansteande Amerikaanske mediakorporaasjes, wêrûnder Reed Business Information, Parade Magazine, de Borders Group, Barnes & Noble en de American Booksellers Association.

De winners fan 'e Quill Awards waarden fêststeld troch in twatriems proses, wêrby't earst troch ekspêrs út 'e útjouwersbrâns guon kandidaten nominearre waarden, wêrnei't it publyk troch in stimming de winner útkieze koe. It lêste jiers (2007) wie dat inkeld it gefal yn 'e wichtichste kategory fan boek fan it jier sa, wylst de winners yn alle oare kategoryen doe troch boekferkeapers en bibletekarissen keazen waarden. Under de winners wiene grutte nammen, lykas Al Gore, Tyler Perry, Diana Gabaldon, Jim Henson, J.K. Rowling, Jon Stewart, Bob Dylan en Stephen King. (Foar in folsleine list mei alle winners yn alle kategoryen, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.) Doe't de útrikking fan 'e Quill Awards nei trije jier gjin oanwiisber effekt op 'e ferkeapsifers fan boeken hie, waarden de prizen opdoekt.

Kategoryen

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.