In Quermiaan (Yarael Poof).

Quermianen (inkeltal: Quermiaan) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan Quermia, in planeet yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, en libje tige lang (teminsten 300 jier en mooglik langer).

Fan uterlik binne Quermianen rank boude, meager útsjende wêzens mei in uterst lange, tinne hals, dy't in yn ferhâlding ta harren lichem tige lytse holle ûnderstipet. Harren hûdskleur is wyt niigjend nei grien. Hja hawwe reade kraaleachjes, in lytse mûle en gjin noas, mei't by harren de rookorganen yn 'e hânpalmen sitte. Quermianen hawwe twa stellen harsens: de behindige boppeharsens yn harren lytse plasse, en de folle gruttere ûnderharsens yn 'e boarstkas.

Quermianen hawwe gjin hier, en likemin beskikke se oer in wringe, sadat se tige bûchsum binne. Wol hawwe se twa pear earms, hoewol't guon fan harren it ûnderste pear leaver ferburgen hâlde ûnder de klean. De earms einigje syn ranke hannen mei in tomme en twa lange fingers. Oan 'e fuotten hawwe se trije grutte teannen. Troch de lange hals, dy't wol in fjirdepart fan harren lingte beslacht, tuorje Quermianen likernôch 90 sm boppe de measte oare soarten wêzens yn it Stjerrestelsel út.

Omreden fan 'e withoefolle fysike en genetyske oerienkomsten tusken de Quermianen en in oar ras fan bûtenierdske wêzens, de Xexto, binne ksenobiologen fan betinken dat hja in mienskiplike foarâldersoarte diele moatte.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki Cereänen Chagrianen Dugs Ewoks Geonosianen Gorax Gunganen Hutts Iktotchi Jawa's Kaleesh Kaminoänen Kel Dor Lanniks Mandalorianen Mirialanen Mon Calamari Nautolanen Neimoïden Palliduvanen Pau'anen Quermianen Thisspiasanen Tholothianen Togruta Toydarianen Tusken-kapers Twi'leks Ugnaughts Utai Wisties Wookiees Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha fathier orbak porg rancor sarlacc tauntaun vulptex wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To Alderaan Bespin Cantonica Cereä Champala Christophsis Corellia Coruscant Crait Dagobah Dathomir Dorin D'Qar Eadu Endor Exegol Geonosis Glee Anselm Hoth Iktotch Iktotchon Iridonia Jakku Jedha Kalee Kamino Kashyyyk Kef Bir Kessel Kijimi Lah'mu Lannik Malastare Mandalore Mimban Mirial Mon Cala Mustafar Naboo Nal Hutta Nar Shaddaa Neimoïdia Pasaana Quermia Ryloth Savareen Scarif Shili Takodana Tana Tatooine Thisspias Tholoth Toydaria Utapau Vandor Yavin
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.