In flagge fan QAnon

QAnon of ienfâldichwei Q is in Amerikaanske ekstreemrjochtse gearspanningsteory dy't de saneamde plannen beskriuwt fan in "djippe steat", dy't bestiet út in kabaal fan kannibalistyske, pedofile oanbidders fan Satan[1] dy't in globale bernesekshannel beheare, en dy't rjochte wie tsjin de eardere presidint Donald Trump en syn oanhingers[2]. QAnon wurdt ornaris in kultus neamd[3].

QAnon tinkt ornaris dat Trump in "dei fan de ôfrekkening", bekend as Storm (stoarm), pland hie dêr't tûzenen leden fan it kabaal arrestearre wurde soene[4]. Oanhingers fan QAnon beskuldigen in soad progressive akteurs fan Hollywood, politisy fan de Demokratyske Partij en hege amtners derfan lid te wêzen fan it kabaal[5].

Ek oppenearren de oanhingers fan QAnon dat Trump de gearspanning mei de Russen beard hie, sa't er Robert Mueller, de foaroanman fan de FBI, oannimme koe om de bernesekshannel bleat te lizzen en in steatsgreep troch Barack Obama, Hillary Clinton en George Soros tefoaren te kommen[6]. De gearspanningsteoryen fan QAnon waarden fuortsterke troch Russyske neplidmaatskippen op sosjale media, dy't stipe waarden troch de Russyske oerheid[7].

Ek binne der antysemityske ideeën yn de QAnon-beweging[8]

Oarsprong

In logo fan QAnon dat ornaris troch syn folgelingen brûkt waard.
Fise-presidint Mike Pence mei twa SWAT-aginten. Dejinge lofts draacht it Q-symboal
It logo tichter by sjoen. De oanbelangjende agint krige dien fan it SWAT-tiim, om't it dragen fan sokke logo's ferbean is[9].

De gearspanningsteory QAnon begûn yn oktober 2017 op de anonime webside 4chan te ferskinen as Q en QAnon, dat mooglik in Amerikaansk yndifidu wie[10]. It waard letter oannommen dat it om in groep yndifiduen, dy't ûnder deslde namme hannelen, giet[11]. De oerienkommende gearspanningsteory Pizzagate, dêr't saneamd in pedofile sekshannel yn de kelder fan pizzaria Comet Ping Pong yn Washington D.C. beheard wurde soe, gie foarôf oan QAnon, mar waard der letter in part fan[12].

In persoan dy't himsels Q Clearance Patriot neamde ferskynde op 28 oktober 2017 foar it earst op 4chan mei it berjocht Calm before the Storm (stiltme foar de stoarm), dy't nei Trump syn kryptyske omskriuwing fan in gearkomste fan militêre lieders ferwiisde[13][14]. Dêrby waard neamd dat Hillary Clinton arrestearre wurde soe en de beweitsing oan de grins heger wurde soe om it flechtsjen ûnmooglik te meitsjen. Dat barde lykwols net.

De skriuwer dêrfan ferhuze yn novimber 2017 nei 8chan en sei dat 4chan "ynfiltrearre" wie[15].

Syn brûkersnamme joech it idee dat er in saneamde Q-status hie[16]. Mei dy status kin immen dan tastimming krije fan it Amerikaanske Ministearje fan Enerzjy, dy't nedich is om tagong ta temûke ynformaasje oer nukleêre wapens en materialen te krijen[17].

Doe't 8chan fan it ynternet ôfgie, om't ferskate manifesten dy't troch massamoardners skreaun waarden, sa as dy fan Christchurch en El Paso dêr op pleatst waarden, ferhuze Q nei trije moanne nei it nije 8kun, dat ek fan Jim Watkins wie[18].

QAnon krige foar it earst omtinken yn de media yn desimber 2017, en yn de iere moannen fan 2018 krige de gearspanningsteory benammen fan de rjochtse media omtinken. Sean Hannity, tillefyzjepresintator en konservatyf polityk kommentator op Fox News, en aktrise Roseanne Barr ferspraten it nijs oer QAnon op harren siden op sosjale media. De ekstreemrjochtse gearspanningstinker en presintator fan Info Wars, Alex Jones sei dat er persoanlik kontakt hie mei Q. By in taspraak fan Trump yn july 2018 yn Tampa (Floarida) kaam de gearspanningsteory folop yn it nijs[19].

De siden dy't de Q-berjochten ferspraten, waarden Qdrops neamd. Tusken maart en juny 2020, yn de COVID-19-pandemy, ferdûbele QAnon syn oanwêzigens op Instagram en Twitter en fertrijedûbele sels op Facebook[20]. Ek fersprate it njonkelytsen nei Kanada[21], Jeropa en Latynsk-Amearika[22]. Benammen yn Dútslân[23], Nederlân en it Feriene Keninkryk, dêr't ien op de fjouwer Britten gearspanningsteoryen besibbe oan dy fan QAnon leauwe,[24] krige it in soad folgelingen.

Yn febrewaris 2021 waard by in peiling waarnommen dat 29% fan de republikeinske kiezers de stelling fan QAnon leauden dat Donald Trump temûk in groep bernesekshannelers, dy't akteurs fan Hollywood en wichtige politisy fan de Demokratyske Partij befetsje soe, oan it oanpakken wie[25].

Gearspanningsclaims

De gearspanningsteory wurdt skaaimerke as "sûnder bewizen"[26] en "ûnbegrûne"[27]. Syn folgelingen wurde "in steurde gearspanningskultus" neamd. It waard benammen ferspraat troch oanhingers fan Trump, dy't it as de Storm (de stoarm) en de Great Awakening (it grutte ûntweitsjen), dy't besibbe binne oan de religieuze konsepten oangeande de eintiid, ferwiisden. Folgelingen fan QAnon tinke dat Trump, lykwols as in beheind kristen, troch God stjoerd waard. Dêrom wurdt QAnon ek wol as in religieuze beweging sjoen[28].

Neffens Travis View, dy't QAnon bestudearre hat en dêroer skreaun hat foar The Washington Post is it wichtichste punt fan de gearspanningsteory:

"...der is in kabaal fan pedofile oanbidders fan Satan oer gâns de wrâld hinne dy't oer de wrâld hearskje, en se hawwe alles ûnder kontrôle. Hja hawwe kontrôle oer politisy, de media en Hollywood en se ferbergje harren bestean. En hja soene harren hearskippij oer de wrâld fuortset hawwe as presidint Donald Trump net keazen waard. Yn dizze gearspanningsteory wit Donald Trump alles fan it kweade dwaan fan it kabaal. Mar ien fan de redens wêrom't Donald Trump keazen waard, wie om in ein oan harren meitsje te litten. As "Q" der net wie, soene wy no neat witte oer de slach efter de skermen, dy't Trump en it Amerikaanske leger leveret. En "Q" is einlings in poster op 4chan, dy't letter nei 8chan ferhuze, en dyjinge dy't alles oer dizze temûke slach efter de skermen iepenbier makket en alle geheimen oer wat it kabaal oan it dwaan is en de grutskalige arrestaasjes dy't barre sille."

Folgelingen fan QAnon leauwe ek dat der in foarfal, bekend as de Storm, barre sil dêr't tûzenen leden fan it kabaal arrestearre wurde sille, en mooglik nei de finzenis op Guantánamobaai stjoerd wurde om dêr yn in militêr tribunaal terjocht te stean. It Amerikaanske leger sil dan mei hurde hân it lân oernimme, en dêrnei sil der ferlossing op ierde wêze[29].

Guon falske claims

Q hat ferskate falske berjochten pleatst dy't ûnbegrûne binne, lykas:

  1. De CIA hat de Noardkoreaanske diktator Kim Jong-un as in marionettehearsker oansteld[30].
  2. Op 16 febrewaris 2018 waard der falsk beweard dat de foarsitter fan it Demokratysk Nasjonaal Kommitee, Debbie Wasserman Schulz, de Salvadoraanske binde MS-13 ynhierde om meiwurker Seth Rich te fermoardzjen[31].
  3. Op 1 maart 2018 waard der falsk beweard dat Dútske bûnskânselier Angela Merkel in pakesizzer fan Adolf Hitler wêze soe[32].
  4. Op 7 july 2018 stie der in artikel yn de Daily Beast dat Q falsk bewearde dat "eltse massasjitterij op gong set waard troch de kabaal"[33].
  5. Dat Barack Obama, Hillary Clinton, George Soros en oaren in steatsgreep tsjin Trump oan it tarieden wiene, en dat se belutsen wêze soene by in ynternasjonale bernesekshannel[34].
  6. Dat it ûndersyk fan de FBI ûnder lieding fan Robert Mueller in tsjinsteatsgreep wie, dy't troch Trump laat waard, wêrby't er beard hie mei de gearspanning mei de Russen om de Demokraten te ûndersykjen[35].
  7. Dat de famylje Rothschild in satanyske kultus late[36].

Op 30 maaie 2019 hat de FBI QAnon as in terroristyske organisaasje bestimpele[37]. In soad QAnon folgelingen brûke #WWG1WGA (where we go one, we go all) , it biedwurd fan QAnon, yn harren berjochten.

Ynsidinten

Betonfabryk yn Tucson

Yn maaie 2018 makke Michael Lewis Meyer in fideo en filmde dy streekrjocht op Facebook fan in semintfabryk yn Tucson (Arizona) ôf, dêr't er miende dat der in bernesekshannel plakfûn. De fideo waard yn de wyks derop 650.000 kear besjoen. De plysje kaam en socht gâns it plak ôf, mar fûn neat. Meyer hold dêrnei in toer fan de fabryk foar njoggen dagen beset, oant er mei de plysje oerienkaam it pân te ferlitten. Yn july kaam er wer werom yn de fabryk, mar doe waard er arrestearre foar it ûnwettich betrêdzjen fan it pân. Hy ferwiisde nei QAnon en #WWG1WGA op syn Facebookside[38].

Hooverdaamynsidint
Matthew Wright, dy't my in pantsere reau de Hooverdaam blokkearre op de grins fan Arizona en Nevada

Op 15 juny 2018 waard Matthew Phillip Wright fan Henderson (Nevada) arrestearre foar terrorisme. Hy blokkearre foar de Hooverdaam, op de grins fan Nevada en Arizona, mei in pantsere reau dy't bewapene mei in AR-15 en in pistoal wie, it ferkear 90 minuten lang. Hy wie, nei eigen sizzen, op in missy fan QAnon en woe dat it Ministearje fan Justysje it OIG-rapport frijjoech oangeande it gedrach fan FBI-aginten by in ûndersyk nei it brûken fan in email-server troch Hillary Clinton[39].

Driging tsjin Jim Acosta

By in taspraak fan Trump yn Tampa (Floarida) op 31 july 2018 gedroegen oanhingers fan Trump fijannich foar Jim Acosta, Wite Hûs-haadkorrespondint fan CNN, oer. QAnon-folgelingen wiene by de taspraak oanwêzich[40].

Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020

By in stimburo yn Philadelphia dêr't de stimmen, dy't oer de post ferstjoerd waarden, teld waarden, waarden twa manlju út Virginia oanholden nei in tip fan in driging foar in oanfal mei AR-15's. Bumperstikkers op harren truck ferwiisden nei QAnon[41].

Nei ferskate ûnbegrûne beskuldigings fan stimbusfraude nei it ferlies fan Trump by de presidintsferkiezings, beskuldigen QAnon-folgelingen dat de telmasinen fan Dominion Voting Systems miljoenen stimmen foar Trump ferwidere hawwe soene. De ekstreemrjochtse keabeltillefyzjestjoerder One America News Network smiet dy gearspanningsteoryen de rûnte yn, en it waard ek troch Trump twittere[42]. De Cybersecurity and Infrastructure Security Agency makke lykwols buorkundich dat de ferkiezings ien fan de meast earlike wie yn de Amerikaanske skiednis, en dat der "gjin bewiis dat der stimmen ferlern giene of ferwidere of feroare waarden"[43].

Bestoarming fan it Kapitoal
De Wikipedy hat ek in side Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal.
Jake Angeli, ien fan de bestoarmers fan it Amerikaanske Kapitoal op 6 jannewaris 2021, is in folgeling fan QAnon

Doe't in kliber breinroere Trump-oanhingers it Amerikaanske Kapitoal bestoarmen op 6 jannewaris 2021 nei't dy troch in fjurrige taspraak fan Trump dêr ta oanset waarden, waard ien fan de bestoarmers, Ashli Babbitt, in feteraan, troch de plysje fan it Kapitoal deasketten. Hja wie in folgeling fan QAnon en twitterde in gearspanningsteory fan L. Lin Wood, in abbekaat en gearspanningstinker, justjes foar har dea[44]. Guon oare bestoarmers droegen Q-emblemen op harren klean of waarden as folgelingen fan QAnon idintifisearre yn fideofilmkes[45].

Jake Angeli (QAnon Shaman), dyjinge op de foto's mei de bûntmûtse mei hoarnen, is in folgeling fan QAnon en waard op 9 jannewaris arrestearre[46].

Op 12 jannewaris makken Facebook en Twitter buorkundich dat se artikels mei Stop the Steal en likernôch 70.000 siden besibbe oan QAnon ferwiderje soene[47].

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Guglielmi, Giorgia (28 oktober 2020). The next-generation bots interfering with the US election. Nature. 587 (7832): 21. . Oproppen 29 oktober 2020.
    • Neiwert, David (17 jannewaris 2018). Conspiracy meta-theory 'The Storm' pushes the 'alternative' envelope yet again. Southern Poverty Law Center. Oproppen 14 oktober 2018.
    • Collins, Ben; Zadrozny, Brandy (10 augustus 2018). The far right is struggling to contain Qanon after giving it life. NBC News.
    • Rosenberg, Eli (30 novimber 2018). Pence shares picture of himself meeting a SWAT officer with a QAnon conspiracy patch. The Washington Post.
    • *Broward SWAT sergeant has unauthorized 'QAnon' conspiracy patch at airport with VP, report says. Sun-Sentinel. 30 novimber 2018.
    • Moore, McKenna (1 augustus 2018). What You Need to Know About Far-Right Conspiracy QAnon. Fortune.
    • Roose, Kevin (10 july 2019). Trump Rolls Out the Red Carpet for Right-Wing Social Media Trolls The New York Times. Oproppen 17 july 2019
  1. Roose, Kevin (August 28, 2020). What Is QAnon, the Viral Pro-Trump Conspiracy Theory?. The New York Times. Oproppen 4 oktober 2020.
  2. Gregory Stanton (9 septimber 2020). QAnon is a Nazi Cult, Rebranded. Just Security.
  3. Rozsa, Matthew (18 augustus 2019). QAnon is the conspiracy theory that won't die. Salon. Oproppen 17 april 2020.
  4. Sommer, Will (7 july 2018). What Is QAnon? The Craziest Theory of the Trump Era, Explained. The Daily Beast. Oproppen 2 oktober 2020.
  5. Stanley-Becker, Isaac (1 augustus 2018). "We are Q": A deranged conspiracy cult leaps from the Internet to the crowd at Trump's "MAGA" tour. The Washington Post. Oproppen 19i septmber 2018
  6. Davis, Julia (24 augustus 2020). Russia Using QAnon Conspiracies to Help Get Trump Re-Elected. The Daily Beast. Oproppen 7 jannewaris 2021.
  7. Pink, Aiden (1 augustus 2018). Explained: What's Anti-Semitic About QAnon, The Trump Base's Latest Pet Theory?. The Forward. Oproppen op 21 septimber 2018.
  8. Altman, Howard (5 desimber 2018). Double trouble for Broward deputy: One patch for QAnon conspiracy, another for his SWAT team. Tampa Bay Times. Oproppen op 17 april 2020.
  9. Martineau, Paris (19 desimber 2017). The Storm Is the New Pizzagate – Only Worse. New York. ISSN 0028-7369. Oproppen 26 maart 2018.
  10. Rothschild, Mike (29 maaie 2018). Who is Q Anon, the internet's most mysterious poster?. The Daily Dot. Oproppen 5 july 2018.
  11. Greenspan, Rachel E. (29 septimber 2020). QAnon conspiracy theorists have been linked to a killing and multiple armed stand-offs. Here are the criminal allegations connected to the movement and its followers. Insider. Oproppen 4 oktober 2020.
  12. Paris Martineau, The Storm Is the New Pizzagate — Only Worse. Intelligencer (19 desimber 2017). Oproppen op 17 oktober 2020.
  13. Michael Edison Hayden op 2/1/18 at 12:40 PM EST, How "the storm" became the biggest fake news story of 2018 | Analysis. Newsweek (1 febrewaris 2018). Oproppen op 17 oktober 2020.
  14. Who is behind the Qanon conspiracy? We've traced it to three people. NBC News. Oproppen op 17 oktober 2020.
  15. Colburn, Randall, There's a new, insane conspiracy theory tearing up 4chan. AV Club (19 desimber 2017).
  16. Departmental Personnel Security FAQs. U.S. Department of Energy. Oproppen op 2 augustus 2018
  17. LaFrance, Adrienne (juny 2020). The Prophecies of Q. The Atlantic. ISSN 1072-7825. Oproppen 4 oktober 2020.
  18. Rothschild, Mike (29 oktober 2018). One year later, had the QAnon movement finally passed?. The Daily Dot. Oproppen op 20 septimber 2020.
  19. QAnon conspiracies go global in pandemic "perfect storm". France 24. AFP. 6 oktober 2020. Oproppen op 15 oktober 2020.
  20. Dryden, Joel (25 oktober 2020). How conspiracies like QAnon are slowly creeping into some Canadian churches. CBC News. Oproppen op 11 novimber 2020.
  21. Zimbrón, Andrés (31 augustus 2020). (sp) Por qué se ha propagado más el movimiento QAnon en Latinoamérica [Wêrom de QAnon-beweging him mear yn Latynsk-Amearika ferspraat hat]. Notipress. Oproppen op 14 desimber 2020.
  22. Bennhold, Katrin (11 oktober 2020). QAnon Is Thriving in Germany. The Extreme Right Is Delighted. The New York Times. ISSN 0362-4331.
  23. Quinn, Ben (21 oktober 2020). One in four Britons believe in QAnon-linked theories – survey. The Guardian. Oproppen op 11 novimber 2020.
  24. Sales, Ben. Survey finds 3 in 10 Republicans believe QAnon child sex-trafficking theory. www.timesofisrael.com. Oproppen op 18 febrewaris 2021.
  25. Hall, Ellie (2 augustus 2018). What Is QAnon? Here's What You Need To Know About The Baseless Mega-Conspiracy Theory: For the most part, the nonsensical conspiracy theory's adherents were largely confined to fever-swamp corners of the internet. That is changing, and things are getting dangerous. BuzzFeed News. Oproppen op 2 augustus 2018.
  26. Bank, Justin; Stack, Liam; Victor, Daniel (1 augustus 2018). What Is QAnon: Explaining the Internet Conspiracy Theory That Showed Up at a Trump Rally. The New York Times. ISSN 0362-4331. Oproppen op 1 augustus 2018.
  27. Nguyen, Tina (12 july 2020). Trump isn't secretly winking at QAnon. He's retweeting its followers. Politico.
  28. Ross, Alexander Reid (8 jannewaris 2019). Apocalypse in America: The Smell of Fascism in the pro-Trump QAnon Conspiracy. Ha'aretz. Oproppen op 17 april 2020.
  29. Caffier, Justin (12 juny 2018). A Guide to QAnon, the New King of Right-Wing Conspiracy Theories. Vice. ISSN 1077-6788. Oproppen op 15 july 2018.
  30. Rothschild, Mike (19 maart 2018). The QAnon Conspiracy Is the Oldest Scam Out There. The Daily Dot. Oproppen op 14 july 2018.
  31. Király, Attila (7 augustus 2018).(Hongaarsk) Trump támogatói között elkezdett terjedni, hogy az elnök az Egyesült Államokat irányító sátánista pedofilok ellen harcol [oanhingers fan Trump hawwe harren leauwe ferspraat dat de presidint satanyske pedofilen, dy't oer de Feriene Steaten hearskje, oanpakt]. 444. Oproppen op 19 septimber 2018.
  32. Sommer, Will (7 july 2018). What Is QAnon? The Craziest Theory of the Trump Era, Explained. The Daily Beast. Oproppen op 2 oktober 2020.
  33. Goldberg, Michelle (21 septimber 2018). Conspiracy theory claims Trump is a "secret genius who pretended to collude with Russia to defeat child sex traffickers". Independent. Oproppen op 25 jannewaris 2021
  34. Stanley-Becker, Isaac (1 augustus 2018). "We are Q": A deranged conspiracy cult leaps from the Internet to the crowd at Trump's 'MAGA' tour. The Washington Post. Oproppen op 19 septimber 2018.
  35. Laviola, Erin (1 augustus 2018). QAnon Conspiracy: 5 Fast Facts You Need to Know. Heavy.
  36. Winter, Jana (1 augustus 2019). Exclusive: FBI document warns conspiracy theories are a new domestic terrorism threat. Yahoo! News. Oproppen op 7 augustus 2019.
  37. Hernandez, Salvador (23 july 2018). A Man Pushing A "Child Sex Camp" Conspiracy Theory Has Been Arrested For Trespassing. BuzzFeed News.
  38. March, William, Conspiracy theorist QAnon promoted, then deleted, by Hillsborough County GOP, Tampa Bay Times, 16 july 2018. Oproppen op 16 juli 2018.
  39. Embury-Dennis, Tom (1 augustus 2018). Trump supporters filmed hurling sustained abuse at journalists following "Make America Great Again" rally. The Independent. ISSN 0951-9467. Oproppen op 1 augustus 2018.
  40. Two Arrested After Police Get Tip of Convention Center Threat. NBC10 Philadelphia. 6 novimber 2020. Oproppen op 8 jannewaris 2021.
  41. QAnon's Dominion voter fraud conspiracy theory reaches the president. NBC News.
  42. Repudiating Trump, officials say election "most secure". AP NEWS. 13 novimber 2020.
  43. Zadrozny, Brandy; Gains, Mosheh (7 jannewaris 2021). Woman killed in Capitol was Trump supporter who embraced conspiracy theories. NBC News. Oproppen op 8 jannewaris 2021.
  44. Venkataramakrishnan, Siddharth; Manson, Katrina (7 jannewaris 2021). Who were the Capitol insurrectionists?. Financial Times. Oproppen op 8 jannewaris 2021
  45. Ruelas, Richard. QAnon supporter from Arizona dressed in fur and horns joins storming of US Capitol. USA TODAY. Oproppen op 10 jannewaris 2021.
  46. Facebook Removes "Stop The Steal" Content; Twitter Suspends QAnon Accounts. NPR.org. Oproopen op 14 jannewaris 2021.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.