Pyt Kramer (Stiens, 7 maart 1936), earder boer en healgelieder-technikus, is in ûndersiker fan it Frysk. Hy hat ferskate wurdboeken skreaun en docht sûnt de sechtiger jierren taalkundich ûndersyk nei it Frysk, mei de fokus op it Sealterfrysk.
In tige wichtige útjefte foar it Sealterfrysk wie "Lound un Nomen" ("Lân en Nammen"), in beskriuwing fan Sealterlânske topografyske nammen, dat troch Pyt Kramer gearstald waard. Ek ferskynde yn 1992 it earste fan trije dielen fan in grou etymologysk Sealterfrysk wurdboek fan Pyt Kramer.
Kramer wie yn 1961 ien fan de oprjochters fan de FNP, dêr't er al syn libben by bliuwe soe. Yn it asylsikerssintrum op It Hearrenfean joech er kursussen Frysk.
Pyt Kramer is sûnt 6 maart 2010 earelid fan it Sealtersk Bûn yn it Sealterlân en sûnt 22 desimber 2014 eareboarger fan de gemeente Sealterlân.
Wurk
- De Sealter lûden. Yn: Us Wurk 17 21-24 (1968)
- Ta de fonology fan it Sealtersk. Yn: Us Wurk 20 42-43 (1971)
- It âldste Sealtersk. Yn: Us Wurk 20, 44-58, 76 (1981)
- Assibilaasje fan ferlytsings-k yn Sealter lânnammen. Yn: Us Wurk 21-22 139-146 (1972-73)
- Djoomersmeer en Tjoomeer. Yn: Us Wurk 23 119-122 (1975)
- Skraits, maits en mûglike sibben. Yn: Us Wurk 25 77-82 (1976)
- Dät Eedgreeuen (De terminology fan in âld Sealter hantwurk). Yn: Scripta Frisica, Tinkbondel foar Arne Spenter 1979:119-126 (Us Wurk 28).
- Eine neue Quelle für das Saterfriesische. Yn: Nordfriesisches Jahrbuch 1981, 1982:172-183. [Bespreekenge fon Fort 1980].
- Saterfriesisch baale ‘reden, sprechen. Yn: Us Wurk 32, 70-77 (1983) un 33, 50, 38 145-146 (1989) Alternative: T. Hoekema, Sealter baarle ‘prate’. In: Us Wurk 38 60-61 (1989)
- Seeltersk Weer, Wäärf, Wärfte, Woarsene. Yn: Miscellanea Frisica [Earebondel H.T.J. Miedema], 1984:111-122. [Schrieuwen ap Seeltersk!]
- De kwaliteit fan brutsene lûden. Yn: Us Wurk 34, 37-39 (1985) un 35, 146-147
- In Grinswurdboek. Yn: Tydskrift foar Fryske Taalkunde 9 113-115 (1994). (Bespreekenge fon Heinrich Book/ Hans Taubken, Hümmlinger Wörterbuch, 1993)
- Eastfryske taalkunde. Yn: Anne Dykstra en Rolf H. Bremmer (red.), In skiednis fan ‘e Fryske taalkunde 1999: 301-327.
- Hoe Frysk is it Frysk? Yn: Philologia Frisica Anno 1999, 2000:127-163.
- Seelter Woudebouk, Seeltersk - Dútsk - Frysk, 270 Sieden, 1961
- Mittheilungen aus dem Saterlande, J. F. Minsssen, 1965 en 1970, Beend 2 un 3
- Dät Ooldenhuus, Hermann Janssen en Pyt Kramer, 1966
- Saterland - Insel im Moor, Pyt Kramer, 1967
- Litje Swotte Sambo, oersetting fan it berneboek 'Little Black Sambo'
- Seelter Trjoue, Tidschrift foar alle Seelter, fan Hermann Janssen en Pyt Kramer, 1966-1972
- Kuute Seelter Sproakleere, 1982
- Seelter Seeken, Noomen - Sproake - Geschichte, fan Pyt Kramer, Theodor Griep en oaren, Mildaam 1999
Wurk online
- In fonologyske ramp, Bydrage 12e Frysk Filologekongres, 1991
- NSW, Nai Seelter Woudebouk, Enzyklopädie Seeltersk - Dútsk - Frysk - Ingelsk, Letter A-E en G+H (noch yn Bewurking)
- P. Kramer, L.J. van Ruyven, The influence of temperature on spreading resistance measurement
- LOUND UN NOOMEN faan Pyt Kramer, 450 siden, Mildaam 1994 (PDF)
- wurdenlist sjiisk-seeltersk, 156 siden, 1996
- NSW, Nai Seelter Woudebouk, Enzyklopädie Seeltersk - Dütsk - Fräisk - Engels, buksteewen A-E an G-H (noch uun werk)
- online-spriakkurs frysk an seeltersk
- Formenwörterbuch des Saterfriesischen (2014)
Ofbylden
- Dät Ooldenhuus (Hermann Janssen en Pyt Kramer, 1966)
- Seelter Trjoue Nr. 4/3/ Simmer 1969 (Pyt Kramer en Hermann Janssen)
- Kuute Seelter Sproakleere, 1982
- Lound un Noomen (1994)
- Woudelieste Düütsk-Seeltersk (1996)
- Seelter Seeken (Theo Griep en Pyt Kramer, 1999)
Sjoch ek
Keppeling(s) om utens: |
|