Pypketsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Stynsgea
adresPypkewei 3
koördinaten53° 12' N 6° 10' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipGrifformeard
statusSûnt 2016 bûten gebrûk<brno: Bêd en Brochjeadres
Arsjitektuer
boujier1916, 1971
Webside
Side Protestanske gemeente Stynsgea
Kaart
Pypketsjerke (Fryslân)
Pypketsjerke

De Pypketsjerke wie de tsjerke fan 'e Grifformearde tsjerke fan Stynsgea en Surhuzum. Foar it lêst fûn der op 30 desimber 2016 in tsjinst yn 'e tsjerke plak.

Skiednis

Op 5 maart 1887 waard yn Stynsgea in Grifformearde (doleaerjende) tsjerke stifte. In wike letter barde dat ek yn Surhuzum. De ôfskieding fan 1834 wie oan 'e doarpen foarby gien. Yn augustus 1887 waard troch beide gemeenten besletten gear te wurkjen en ynearsten tsjerkten de grifformearden yn in hok oan 'e Skoalikkers, wat har de namme "hokkelingen" oplevere. Yn 1916 kaam der foar de groeiende gemeenten fan Stynsgea en Surhuzum in nije tsjerke, dy't healwei de beide doarpen boud waard. Ek hiene de twa aparte grifformearde gemeenten tegearre ien dûmny en ien tsjerkeried. De namme fan de tsjerke is ûntliend oan 'e wetterkearing dy't by de tsjerke leit.[1]

De âlde tsjerke datearre út 1916. Op 'e earste stien fan it gebou stie de tekst:

Niemand kan een ander fundament leggen, dan hetgeen gelegd is, hetwelk is Jezus Christus.

Yn 1971 waard de tsjerke foar in grut part sloopt en ferfongen troch in moderne bou mei twa galerijen en 550 sitplakken.[2]

Sûnt 2003 waarden der noch út en troch by spesjale gelegenheden tsjinsten yn 'e Pypketsjerke organisearre. Yn 2010 fusearren de grifformearde gemeenten mei de herfoarmen yn it eigen doarp.

Yn in groatfolle tsjerke fûn op snein 31 jannewaris 2016 de lêste tsjinst plak.[3]

Oargel

It oargel fan 'e Pypketsjerke datearret út 1929 en wie boud troch Bakker & Timmenga, Ljouwert. In restauraasje fan it ynstrumint hie noch yn 1989-1991 plakfûn. Nei't foar it lêst in tsjinst fierd waard, is it oargel ferkocht. It waard yn 2018 troch oargelbouwer A. Nijsse yn 'e Adullamtsjerke fan 'e Frije Grifformearde Gemeente yn Kruiningen op 'e nij opboud.[4]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.