Puma Swede
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohanna Jussinniemi
nasjonaliteit Sweedsk
berne13 septimber 1976
berteplakStokholm (Sweden)
etnisiteit Finsk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf2004 – no
offisjele webside
www.pumaswede.com

Puma Swede, echte namme Johanna Jussinniemi (13 septimber 1976), is in Sweedsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Finsk komôf, dy't berne is yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm.

Libben en karriêre

Puma Swede groeide op yn Stokholm as lid fan 'e saneamde Swedenfinske minderheid; sawol har heit as har mem wiene berne yn Finlân. Se wurke as fertsjintwurdichster fan in bedriuw dat kompjûtersystemen ferkocht foardat se furoare makke troch te posearjen foar neakenblêden. Yn 2004 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, nei wenjen sette. Se naam de artystenamme "Puma Swede" oan; "Swede" ferwiist uteraard nei har heitelân, en "Puma" ûntliende se nei't it skynt oan in sportmodel auto, de Ford Puma.

Koart nei't se yn Amearika oankommen wie, spile se yn har earste pornografyske film, wêrby't se yn 't earstoan inkeld lesbyske sênes die. Yn 2005 makke se har heteroseksuële debút yn 'e hurd pornografyske film School of Hardcore, fan it label AntiInnocence Video, dêr't se doedestiden in fêst kontrakt mei hie. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 140 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy. Dêrby hat se wurke foar sokke foaroansteande studio's as Penthouse, Sin City, Evil Angel, Jules Jordan Video, Pure Play Media, New Sensations, ClubJenna en Gina Lynn Productions, en pornowebsiden as Brazzers en Muffia. Njonken har aktearwurk makke Puma Swede ek furoare as stripper; sa trede se yn 2012 op yn wrâlds grutste stripklub, op it Spaanske fakânsje-eilân Ibytsa, foar in publyk fan 12.000 minsken.

Yn 2008 ferloofde Puma Swede har mei de Amerikaanske pornoakteur Keiran Lee, mei wa't se yn it foarjier fan 2009 troude. Har bêste freondinne is de Oekraynsk-Kanadeeske pornoaktrise Nikki Benz, en ek mei de Nederlânske pornostjer Bobbi Eden is se befreone. Yn 2010 hie Puma Swede in kaméoroltsje yn 'e mainstream-Hollywoodfilm The 41-Year-Old Virgin Who Knocked Up Sarah Marschall and Felt Superbad About It, en yn 2014 spile se yn in ôflevering fan 'e telefyzjesearje Sons of Anarchy. Datselde jiers wie se geregeldwei te sjen yn 'e Nederlânske realityrige Dubbel D in L.A., oer kollega-pornoaktrise Bobbi Eden. Yn 2012 brocht se har autobiografy Puma Swede: Mitt Liv som Porrstjärna ("Puma Swede: Myn Libben as Pornostjer") út.

Prizen en Nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre ynternetbabe/stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.