It publykrjocht is it rjocht dat it ferkear tusken boargers en oerheden en it ferkear tusken oerheden ûnderinoar regelet. Inkelde fan de wichtichste publykrjochtlike wetten binne:
- it Statút fan it keninkryk fan 'e Nederlannen;
- de Grûnwet;
- de Kieswet;
- de Provinsjewet;
- de Gemeentewet;
- de Wetterskipswet;
- de Algemiene wet bestjoersrjocht;
- de Wet op de Romtelike Oardering.
Ek ferdraggen kinne ta it publykrjocht rekkene wurde, alhoewol it giet om rjocht tusken steaten. Foarbylden fan inkelde wichtige ferdraggen binne:
- it Hânfêst fan de Feriene Naasjes;
- de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske;
- it Ferdrach ta beskerming fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden;
- it Ferdrach de Jeropeeske Uny oanbelangjende;
- it Ferdrach fan Wenen oangeande it Ferdraggerjocht.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.