Klaudius Ptolemaeus werjûn op in midsiuwske tekening.

Klaudius Ptoleméus (Gryksk: Klaudios Ptolemaios; yn it Nederlânsk ek wol stavere Ptolemeüs) (100 - 170 n.Kr.) wie in Grykske astrolooch, astronoom, geograaf, wiskundige en muzykteoretikus dy't libbe yn Aleksandrje.

Astrology

Ptolemaeus skreau in wiidweidige gearfetting oer de astrology yn syn tiid: de TetraBiblos (De fjouwer boeken).

Yn de Tetrabiblos wurdt wiidweidich yngien op it tsjutten fan horoskopen. Dêrnjonken wurde oanwizings jûn foar berekkenings. In part fan syn boek giet oer spesifike situaasjes, bygelyks astrologyske stannen dy't wichtich wêze soenen by bûtenlânske reizen.

Ptolemaeus hat in útsûnderlik grutte ynfloed hân op de astrology. In protte fan syn techniken binne noch hieltyd by astrologen yn gebrûk.

Krityk hat der foaral west op de ferbannen dy't Ptolemaeus leit tusken de betsjutting fan diereriemtekens en jiertiden. De korrelaasje tusken bygelyks it teken Raam en de maaitiid jildt útsoarte allinnich foar in part fan it noardlik healrûn en kin dus net universeel jildich wêze. Dochs bout Ptolemaeus op dit soart fergelikings in protte fan syn teoryen. Dêrby moat fuortendaliks sein wurde dat Ptolemaeus wierskynlik gjin, of net folle, kennis hie fan it súdlik healrûn en de relaasjes fan de stjerrebylden dêrfan.

Astronomy

Ptolemaeus hie in geosintrysk wrâldbyld fan it sinnestelsel. Syn opfettings oer astronomy binne bekend as it "Stelsel fan Ptolemaeus" en hawwe mear as 1400 jier, oant fier nei de Midsiuwen, de astronomy yn West-Jeropa en Araabje behearske. Pas folle letter waard it troch Copernicus wjerlein. De reden dat it wrâldbyld fan Ptolemaeus salang stân holden hat, hie te krijen mei de opfettings fan de Tsjerke. Neffens de Bibel is de Ierde it mulpunt fan it hielal, in byld dat oerien kaam mei dat fan Ptolemaeus. It wie yn dy tiid ferbean om hjir krityk op te hawwen.

Ptolemaeus hat de helpsirkeltheory fan Hipparchus fierder útwurke. Mei it stjerremodel fan Aristoteles koe nammentlik net ferklearre wurden wêrom de planeten de iene kear gau en de oare kear stadich beweegden, of somstiids sels troch de himel tebek beweegden. Om dizze bewegings mei help fan de helpsirkelteory ferklearje te kinnen brûkte Ptolemaeus hûnderten helpsirkels, mar sels dêrmei koe er de Ierde net persys yn 'e midden pleatse. Dit model lei Ptolemaeus lykwols fêst yn syn trettjin manuskripten 'Hè mathèmatikè syntaxis' ('De wiskundige ferhanneling'). De wurken fan Ptolomaeus oer astronomy binne oerlevere yn it Arabysk, dat troch de Arabyske astronomen 'Kitab al-Madjisti' neamd waard, wat 'It grutste boek' betsjut. Dat waard letter ferbastere ta Almagest (it tige grutte). De Almagest omklammet ek in stjerrekatalogus en in list fan 48 stjerrebylden, dy't troch Hipparchus skreaun binne.

Kaart fan de wrâld út 1482, basearre op Ptolemaeus

Geografy

Ptolemaeus is nei alle gedachten noch folle bekender wurden troch syn "Kosmografia" of "Geografia", in gids foar it meitsjen fan kaarten ynklusyf in list fan de geografyske lingtes en breedtes fan sa'n 350 plakken. Der wurdt sein dat oan de hân fan dit wurk in rige kaarten tekene wurde koe fan de hiele doe bekende wrâld. Yn de Renêssânse bestie in protte belangstelling foar de "Geografia": foar 1600 waarden der 31 Latynske of Italjaanske edysjes printe. Dizze útjeften foarmen de earste atlassen.

Ptolemaeus samle syn gegevens yn de earste helte fan de 2e iuw. De bewenners fan de lege lannen benoarden de grutte rivieren neamde hy de Frisii (de Friezen).

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.