Psychology, sielkunde, is de wittenskiplike stúdzje nei it hâlden en dragen fan minsken en de mentale prosessen dy't dêrby hearre.
Ornaris wurdt de psychology as in sosjale wittenskip kategorisearre. It ûndersyksfjild fan de psychology is lykwols breder. Ofhinklik fan it dielmêd of psychologyske perspektyf kin de psychology ek as natoerwittenskip of geastewittenskip yndield wurde. De ûndersiken dy't dien wurde drage by oan de psychologyske teoryen dy't brûkt wurde om it hâlden en dragen fan minsken better begripe te kinnen.
Skiednis
De skiednis fan de psychology giet werom nei de âldheid. Ferneamde Grykske filosofen út dy tiid binne Thales, Plato en Aristoteles.
Yn 1879 waard it Ynstitút foar Eksperimintele Psychology oan de Universiteit fan Leipzig oprjochte troch Wilhelm Wundt. Dat momint kin sjoen wurde as it begjin fan de moderne psychology as sosjale wittenskip. As oprjochter fan it Ynstitút foar Eksperimintele Psychology wurdt Wilhelm Wundt de "grûnlizzer fan de eksperimintele psychology" neamd.[1] Gerard Heymans wurdt sjoen as de pionier fan de Nederlânske psychology. Hy rjochte yn 1892 it earste psychologysk labortoarium fan Nederlân op. Yn de jierren nei Wundt ûntwikkelen oare wittenskippers oare perspektiven binnen de psychology lykas Sigmund Freud mei syn psycho-analytyske perspektyf en John Broadus Watson dy't grûnlizzer foar it behaviorisme (gedrachs perspektyf) waard.
Perspektiven
Binnen de psychology wurde fiif perspektiven ûnderskieden om minsklik dwaan en litten te ferklearjen:
- It (neuro-)biologysk perspektyf (ek wol psychofysiology neamd): It biologysk perspektyf ferklearret it hâlden en dragen fan de minske troch ûndersyk nei wat der yn it brein (sintrale senuwstelsel) en de rest fan it senuwstelsel plakfynt.
- It behaviorisme (ek wol it gedrachsperspektyf neamd): Dit perspektyf omklammet it sichtbere gedrach (Ingelsk: behavior) fan minsken. It behaviorisme sjocht nei it gedrach dat sjoen en metten wurde kin, en de faktoaren dy't dêr ynfloed op hawwe.
- It kognitive perspektyf: Yn de kognitive psychology leit de fokus op it ferwurkjen fan ynformaasje troch de minske. It waarnimmen fan dingen, it ferwurkjen fan kennis yn it minsklike ûnthâld, it oplossen fan problemen en it meitsjen fan plannen foar de takomst.
- It psycho-analytyske perspektyf: It psycho-analytyske perspektyf ûndersiket de psychologyske ûntjouwing fan it minskelibben; it gedrach dat mooglik ta stân komt troch ûnbewust motiven.
- It fenomenologyske perspektyf: Undersiket hoe't de minske de wrâld om him hinne ûnderfynt en hoe't hy syn plak yn de wrâld sjocht.
Spesjalisaasjes
Psychology is fierder nei ûnderwerp fan stúdzje ferdield yn ferskate spesjalisaasjes. Foarbylden dêrfan binne:
- Psycho-patology
- Underwiispsychology
- Untwikkelingspsychology
- Sosjale psychology
- Persoanlikheidslear
- Organisaasjepsychology
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|