Pseudowittenskip is eltse teory en praktyk dy't úthâldt sawol wittenskiplik as feitlik te wêzen, mar net strykt mei de algemien oanfurde wittenskiplike metoaden. Sokke sabeare wittenskip wurdt gauris karakterisearre troch inoar tsjinsprekkende, oerdreaune of ûnbewiisbere (en dus ek ûnûntkrêftbere) bewearings. Ek wurdt der faak stipe op befêstigingsfoaroardielen wêrby't bewiis fan it tsjinstelde negearre wurdt, ynstee dat der besocht wurdt om in hypoteze te testen troch te krewearjen om him ûnderút te heljen. It ûntbrekt by pseudowittenskip ek gauris oan iepenheid of de wil om jins teory troch oare ekspêrs evaluëarje te litten. Fierders is der ornaris gjin sprake fan systematyk by it ûntwikkeljen fan hypotezes. Ta einbeslút is ien fan 'e wichtichste skaaimerken fan pseudowittenskip dat men fêsthâldt oan hypotezes en teoryen lang nei't dy al troch renommearre wittenskippers ûntkrêfte binne.
De skiedsline tusken wittenskip en pseudowittenskip hat behalven wittenskiplike ek filosofyske, maatskiplike en politike ymplikaasjes. Filosofen binne it noch altyd net alhiel iens oer de kritearia foar wat wittenskip is en wat pseudowittenskip, mar der bestiet algemiene oerienstimming oer, dat guon dingen net ta de echte wittenskip rekkene wurde kinne. Foarbylden binne:
- it leauwen yn it bestean fan spûken en it dwaan fan ûndersyk dêrnei
- kryptosoölogy, d.w.s. it leauwen yn it bestean fan ûnbekende bistesoarten lykas de sasquatch yn Noard-Amearika of it meunster fan Loch Ness yn Skotlân
- it leauwen dat de minskheid op 'e Ierde plante is troch bûtenierdske wêzens
- it leauwen dat de minskheid yn 'e Aldheid kontakt hie mei bûtenierdske wêzens, en dat de ûnderskate minsklike beskavings út 'e Aldheid it resultaat wiene fan dy kontakten
- ufology, d.w.s. it leauwen dat bûtenierdske wêzens sûnt de 1940-er jierren geregeldwei de Ierde besykje
- astrology
- algemy
- alternative genêskunde
- kreäsjonisme, it leauwen dat de Ierde en alles dêrop letterlik persiis sa skepen is as yn 'e Bibel of in oare hillige tekst beskreaun stiet
- klimaatferoaringsûntkenning
- Holokaustûntkenning
- evolúsje-ûntkenning
De term 'pseudowittenskip' wurdt yn 'e regel sjoen as tige negatyf, mei't dêryn besletten leit dat eat foarsteld wurdt as wierheid wylst it eins bedroch is. Sadwaande fersette dejingen dy't pseudowittenskiplike teoryen en praktiken oanhingje, har yn 'e regel fel tsjin dizze karakterisearring.
Pseudowittenskip kin gefaarlike en sels rampsillige konsekwinsjes hawwe. It pseudowittenskiplike aktivisme tsjin faksêns en it promoatsjen fan healwize alternative genêswizen, lykas it troch de Amerikaanske presidint Donald Trump yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy propagearre drinken fan bleekwetter is bygelyks tige skealik foar de sûnens en kin sels liede ta stjergefallen. Minsken dy't legitime medyske behannelings foar besmetlike sykten wegerje, bringe dêrmei boppedat eltsenien yn gefaar mei wa't se kontakt hawwe. Pseudowittenskiplike teoryen oer rasiale ferskillen tusken befolkingsgroepen kinne liede ta rasisme en yn ekstreme gefallen genoside. Untkenning fan klimaatferoaring kin derfoar soargje dat minsken trochgeane mei miljeufersmoargjende praktiken oant it te let is om it proses noch tsjin te kearen, mei as gefolch dat grutte dielen fan 'e wrâld troch feroarjende klimatologyske omstannichheden ûnbewenber reitsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |