Psalm 152-155 | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk, Aldsyrysk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | psalm | |
skreaun | <2e iuw f.Kr. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Psalm 155 | |
publikaasje | 2006, yn Geandewei | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Psalmen 152-155 binne fjouwer apokrife psalmen dy't yn 'e iere Syryske bibeloersetting, de Peshitta, steane en mei dêrom troch de Syrysk-Otterdokse Tsjerke ta de kanon rekkene wurde. Twa derfan, Psalm 154 en Psalm 155, binne ek oerlevere yn it Hebriuwsk yn 'e Deade-Seerôlen. Yn 'e mande mei Psalm 151 wurde de Psalmen 152-155 ek wol de Fiif Apokrife Psalmen fan David neamd (mei't se taskreaun wurde oan 'e Israelityske kening David). Psalm 155 is oerset yn it Frysk.
De Psalmen
Psalm 152
Psalm 152 hat it opskrift: "Sprutsen troch David doe't er yn 'e slach wie mei de liuw en de wolf dy't in skiep út syn keppel namen." Dizze psalm is inkeld oerlevere yn it Syrysk, al soe it goed kinne dat de oarspronklike tekst yn it Hebriuwsk west hat. De toan is net-rabbinaal en hy is nei alle gedachten yn it hellenistyske tiidrek skreaun yn Palestina.
Psalm 153
Psalm 153 hat as opskrift: "Sprutsen troch David doe't er God tanke, Dy't him ferlost hie fan 'e liuw en de wolf, nei't er dy allebeide daat hie." Dizze psalm is allinne mar oerlevere yn it Syrysk, al hat de oarspronklike tekst mooglik yn it Hebriuwsk west. Hy kin, krekt as Psalm 152, út it Palestina fan it hellenistyske tiidrek datearre wurde.
Psalm 154
De tekst fan Psalm 154 is oerlevere yn it Syrysk yn 'e Peshitta, mar is ek yn it Hebriuwsk ûntdutsen yn 'e Deade-Seerôlen, yn boekrôle 11QPs(a)154, dat in manuskript út 'e earste iuw is. It wichtichste tema liket te wêzen en "jou josels by it goede en it folsleine, ta de gloarje fan 'e Alderheechste." Teffens wurdt deryn ferwiisd nei it mienskiplik brûken fan it miel, dat karakteristyk is foar de Essenen: "En yn harren iten sille hja sêd wurde fan wierheid, en yn harren drinken, as hja mei-inoar diele."
Psalm 155
Krekt as Psalm 154 is Psalm 155 sawol oerlevere yn it Syrysk, yn 'e Peshitta, as yn it Hebriuwsk yn 'e Deade-Seerôlen, yn boekrôle 11QPs(a)155, in hânskrift dat datearret fan 'e earste iuw. Yn dizze psalm beklaget David him deroer dat God him ferlitten hat, en dêrmei is er de kanonike Psalm 22 net wanlyk. Fanwegen brekme oan nuveraardichheden yn 'e tekst is it ûnmooglik om Psalm 155 te datearjen of der in geografyske oarsprong foar oan te wizen. Oersetter Klaas Bruinsma hat Psalm 155 yn 2006 oerset yn it Frysk ûnder de titel Psalm 155 (11 QPs a 155), en publisearre yn Geandewei, it S.o.W.-tsjerkeblêd fan Fryslân (nû. f. 24 mrt.).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |