Noarwegen hat in sintraal bestjoer dat yn Oslo sit hat en sûnt 1 jannewaris 2020 ferdield is yn 11 fylker (provinsjes). De bestjoerslaach sit tusken de sintrale oerheid, regear en parlemint (de Storting) en de gemeenten yn. Oslo is tagelyk in provinsje en in stêd. De yndieling yn fylker is sûnt 2018 mear as ien kear feroare. Yn 2018 waarden Nord-Trøndelag en Sør-Trøndelag gearfoege ta Trøndelag. Yn 2020 folge in fierdere weryndieling, en op 1 jannewaris 2024 feroaret de yndieling noch ris om't in tal weryndielingen weromdraaid wurde sille.
Oersjoch Fylker (provinsjes)
Fylke (provinsje) | Haadstêd | Ynwennertal (2022) |
Oerflak km² | Tal gemeenten | Lânsdiel | Opm. |
---|---|---|---|---|---|---|
Agder | Kristiansand | 311.134 | 16.434 | 25 | Sørlandet | |
Innlandet | Hamar | 371.253 | 52.072 | 46 | Østlandet | |
Møre og Romsdal | Molde | 265.848 | 14.356 | 26 | Vestlandet | |
Nordland | Bodø | 240.190 | 38.155 | 41 | Nord-Norge | |
Oslo | Oslo | 699.827 | 454 | 1 | Østlandet | |
Rogaland | Stavanger | 485.797 | 9.377 | 23 | Vestlandet | |
Troms og Finnmark | Tromsø | 241.736 | 74.831 | 39 | Nord-Norge | Wurd op 1 jannewaris 2024 wer opsplitst yn twa fylker. |
Trøndelag | Steinkjer | 474.131 | 42.202 | 38 | Trøndelag | |
Vestfold og Telemark | Skien | 424.832 | 17.466 | 23 | Østlandet | Wurd op 1 jannewaris 2024 wer opsplitst yn twa fylker. |
Vestland | Bergen | 641.292 | 33.871 | 43 | Vestlandet | |
Viken | Moss | 1.269.230 | 24.593 | 51 | Østlandet | Wurd op 1 jannewaris 2024 wer opsplitst yn trije fylker. |
Neist provinsjes is Noarwegen ek noch yn gruttere geografyske lânsdielen ferparte, sjoch de tabel. Dat is lykwols net bestjoerskundich fêstlein. (Fergelykje Sweedske lânskippen)
Skiednis
- Oant 1662 wie Noarwegen yn len en sysler yndield. Taalkundich binne der noch hieltyd spoaren fan dy yndieling te finen yn hjoeddeiske plaknammen. Yn 1662 waarden lângemeenten, distrikten, kombinearre yn fogderier en amt, dêr't fan ferwachte waard dat se yn beskate maatskiplike belangen bydroegen.
- 1837: wetten oer it bestjoer fan in gemeente en de opset fan in troch it folk keazen administraasje oannommen, it Amtsting.
- 1918: De beneamingen wurde feroare fan Amt en Amtsting, nei Fylke en Fylkesting.
- 1924: Kristiania Fylke wurdt bestjoerlik gearfoege mei Akershus.
- 1935: Kristiania Fylke wurdt omdoopt ta Oslo Fylke, en Møre ta Møre og Romsdal fylke.
- 1961: In wet oangeande de fylkeskommuner (provinsjes) wurdt troch it parlemint fan Noarwegen oannommen.
- 1964: gemeenterieden (en stedsrieden) krije stimrjocht foar de provinsjerieden; harren macht is ôfhinklik fan it tal ynwenners fan de gemeenten/stêden. Fylkesordføreren (keazen troch de gemeenten/stêden) is de foarsitter foar de sittingen fan it bestjoer fan de provinsje, wylst de Fylkesmann troch de steat oansteld wurdt. Noarwegen hat mar 18 Fylkesmenn om't Oslo en Akershus ien Fylkesmenn diele. Gewoanwei wurde dizze twa provinsjes dan ek "De provinsjes fan Oslo en Akershus" neamd. Om it noch yngewikkelder te meitsjen sit op Spitsbergen in troch de Kening beneamde Sysselmann, dy't deselde macht hat as de Fylkesmann.
- 1968: Bergen Fylke wurdt gearfoege mei Hordaland (Bergen wurdt de haadstêd fan Hordaland).
- 1976: De posysje fan de provinsje kriget in nije funksje (en plak) yn it lokale bestjoer. Direkte ferkiezingen wurde ynfierd, de Fylkesmann giet út de provinsjeried (Fylkestinget) en is net langer ferantwurdlik foar it tarieden fan de ûnderwerpen derfoar. It bestjoer leit no yn de hannen fan de troch it folk keazen leden.
- 2018: Nord-Trøndelag en Sør-Trøndelag wurde gearfoege ta de provinsje Trøndelag.
- 2020: In tal provinsjes wurdt gearfoege:
- Troms en Finnmark, de twa meast noardlik lizzende provinsjes, wurde gearfoege ta Troms og Finnmark.
- Hedmark en Oppland fusearje ta de provinsje Innlandet.
- Buskerud, Akershus en Østfold foarmje de fúzjeprovinsje Viken.
- Aust-Agder en Vest-Agder fusearje ta Agder.
- Sogn og Fjordane en Hordaland wurde gearfoege ta de provinsje Vestland.
- Vestfold en Telemark wurde gearfoege ta Vestfold og Telemark
- 2024: de provinsjale weryndielingen fan Troms og Finnmark, Viken en Vestfold og Telemark wurd ûngedien makke.
Fylker fan 2018 oant 2020
Fylke (provinsje) | Haadstêd | Oerflak km² | % fan it totale oerflak | Lânsdiel |
---|---|---|---|---|
Akershus | Oslo | 4.917 | 1,5% | Østlandet |
Aust-Agder | Arendal | 9.212 | 2,8% | Sørlandet |
Buskerud | Drammen | 14.927 | 4,6% | Østlandet |
Finnmark | Vadsø | 48.637 | 15,0% | Nord-Norge |
Hedmark | Hamar | 27.388 | 8,5% | Østlandet |
Hordaland | Bergen | 15.634 | 4,8% | Vestlandet |
Møre og Romsdal | Molde | 15.104 | 4,7% | Vestlandet |
Nordland | Bodø | 38.463 | 11,9% | Nord-Norge |
Oppland | Lillehammer | 25.191 | 7,8% | Østlandet |
Oslo | Oslo | 454 | 0,1% | Østlandet |
Rogaland | Stavanger | 9.326 | 2.9% | Vestlandet |
Sogn og Fjordane | Leikanger | 18.619 | 5,7% | Vestlandet |
Telemark | Skien | 15.313 | 4,7% | Østlandet |
Troms | Tromsø | 25.848 | 8,0% | Nord-Norge |
Trøndelag | Steinkjer | 42.202 | 12,7% | Trøndelag |
Vest-Agder | Kristiansand | 7.281 | 2,2% | Sørlandet |
Vestfold | Tønsberg | 2.216 | 0,7% | Østlandet |
Østfold | Sarpsborg | 4.183 | 1,3% | Østlandet |
Fylker fan 1976 oant 2018
Fylke (provinsje) | Haadstêd | Oerflak km² | % fan it totale oerflak | Lânsdiel |
---|---|---|---|---|
Akershus | Oslo | 4.917 | 1,5% | Østlandet |
Aust-Agder | Arendal | 9.212 | 2,8% | Sørlandet |
Buskerud | Drammen | 14.927 | 4,6% | Østlandet |
Finnmark | Vadsø | 48.637 | 15,0% | Nord-Norge |
Hedmark | Hamar | 27.388 | 8,5% | Østlandet |
Hordaland | Bergen | 15.634 | 4,8% | Vestlandet |
Møre og Romsdal | Molde | 15.104 | 4,7% | Vestlandet |
Nord-Trøndelag | Steinkjer | 22.396 | 6,9% | Trøndelag |
Nordland | Bodø | 38.463 | 11,9% | Nord-Norge |
Oppland | Lillehammer | 25.191 | 7,8% | Østlandet |
Oslo | Oslo | 454 | 0,1% | Østlandet |
Rogaland | Stavanger | 9.326 | 2.9% | Vestlandet |
Sogn og Fjordane | Leikanger | 18.619 | 5,7% | Vestlandet |
Sør-Trøndelag | Trondheim | 18.832 | 5,8% | Trøndelag |
Telemark | Skien | 15.313 | 4,7% | Østlandet |
Troms | Tromsø | 25.848 | 8,0% | Nord-Norge |
Vest-Agder | Kristiansand | 7.281 | 2,2% | Sørlandet |
Vestfold | Tønsberg | 2.216 | 0,7% | Østlandet |
Østfold | Sarpsborg | 4.183 | 1,3% | Østlandet |
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.