It skift fan de primaten (wittenskiplike namme: Primates), is ien fan de twa skiften yn it grutskift fan de primaten en hûdfleaners (Primatomorpha). De namme primaten is ôflaat fan it Latynsk foar earste, dêr't Linnaeus nei gedachten mei oanjoech dat er de primaten beskôge as de heechste oarder fan de dieren.
It oare skift binnen it grutskift binne de hûdfleaners (Dermoptera). Dat is in lyts takson, fan twa soarten fan sweefmakys yn Súdeast-Aazje.
Opdieling
De primaten kinne ûnderskieden wurde yn it ûnderskift fan de healapen (Strepsirrhini), en dat fan de drûchnoazigen (Haplorhini). Dy healapen binne frij primitive dieren, mei net in soart spesjalisaasje. Hja hawwe wier noch in snút, mei eagen oan beide kanten, en in goed ûntwikkele noas. Lykwols hawwe hja it aapeftige fan alle primaten, mei fjouwer earms dy't unôfhinklik beweegje kinne, en rjochte binne op bewegings yn 'e beamen.
De drûchnoazigen binne wat fierder spesjaliseare dêr't it giet om it ûntwikkeljen fan yntelliginsje, mei in plattere holle mei beide eagen foarút. Hja hawwe in minne noas, mar goede eagen. Drûchnoazigen binne it fermogen kwytrekke om sels fitamine-C te meitsjen, dat hja moatte dêr oare dieren of ynsekten foar ite. Dêr stiet tsjinoer dat harren gruttere yntelliginsje it fangen dêrfan makliker makket.
Klassifikaasje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |