| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Prêrjeoarloch fan Lincoln County wie in prêrjeoarloch (oftewol in wapene konflikt tusken boargers yn it Wylde Westen), dy't yn 1877 en 1878 Lincoln County yn it Territoarium Nij-Meksiko yn syn greep hold. Dit konflikt krige in bûtenproporsjonele bekendheid troch de dielname fan William H. Bonney, dy't koarte tiid letter ferneamd wurde soe as bandyt ûnder de bynamme Billy the Kid. De Prêrjeoarloch fan Lincoln County gie tusken twa pleatslike groepen, wêrfan't de saneamde Murphy-Dolan-faksje yn 'e county de facto in hannelsmonopoalje hie, dat de saneamde Tunstall-McSween-faksje besocht te trochbrekken. Beide kloften sammelen sakelju, ranchers, cowboys, plysjeminsken en sels bindes banditen om har hinne. Nei in snuorje fan oanboazjende spanning yn 1877 rûn it konflikt yn febrewaris 1878 út op bloedferjitten, wêrnei't it geweld oanhold oant yn july fan dat jier. De lieders fan 'e Tunstall-McSween-faksje fûnen mei útsûndering fan rancher John Chisum hast allegear de dea, mar ek de Murphy-Dolan-faksje stoarte neitiid yn. Guon histoarisy wolle hawwe dat it konflikt pas yn 1881 einige mei de dea fan Billy the Kid.
Foarskiednis
Yn novimber 1876 sette de begoedige Ingelsman John Tunstall him nei wenjen yn Lincoln, yn it Territoarium Nij-Meksiko, dêr't er in ranch begûn foar it hâlden fan kij. Mei as sakepartners de pleatslike abbekaat Alexander McSween en de feebaron John Chisum sette Tunstall ek in eigen bank en winkel op. Dat kaam op it sear fan 'e fêstige oarder, mei't Lincoln County doedestiden sawol ekonomysk as polityk dominearre waard troch Lawrence Murphy en syn sakepartner James Dolan, de útbaters fan 'e iennichste winkel dy't de county foar de komst fan Tunstall ryk west hie. Harren bedriuw hiet eins L.G. Murphy & Co. en letter James J. Dolan & Co., mar stie bekend as "The House" ("It Hûs"), wat sadwaande ek gauris as oantsjutting brûkt waard foar harren faksje yn it konflikt.
Dêrnjonken wie der ek in etnyske komponint yn it konflikt behelle, want behalven dat er harren yn 'e beurs rekke, mochten Lawrence en Dolan Tunstall ek net lije om't er in Ingelsman wie. Sysels en harren measte meistanners wiene nammentlik fan etnysk Iersk komôf en roomsk, wylst Tunstall-en-dy foar it meastepart fan Ingelsk komôf en protestantsk wiene. Fan it begjin ôf oan hiene Lawrence en Murphy de oerhân, mei't se konneksjes hiene mei it territoriaal bestjoer fan Nij-Meksiko. Sa lienden se tûzenen dollars oan 'e gûverneur en wie harren hypteek yn it besit fan 'e territoriale prokureur-generaal. Troch dy konneksjes kamen se oan lukrative kontrakten mei de Amerikaanske oerheid om 'e forten fan Amerikaanske Leger en agintskippen fan it Buro fan Yndiaanske Saken yn Nij-Meksiko fan kowefleis te foarsjen. De kij dy't dêrfoar nedich wiene, kochten se foar in grut diel goedkeap yn fan feedieven. Spesifyk gie it dêrby om 'e John Kinney Binde, de Seven Rivers Warriors en de Jesse Evans Binde, dy't troch Dolan oanfitere waarden om fee te stellen fan Tunstall en syn sakepartner Chisum en de cowboys fan dy ranches safolle mooglik lestich te fallen.
De prêrjeoarloch
Utbraak fan it konflikt
De direkte oanlieding dy't it konflikt tusken de beide faksjes oanboazje liet fan dwersbongeljen en narderijen oer en wer ta iepentlik geweld, wie de libbensfersekering fan Emil Fritz. Dyselde wie in sakepartner fan Lawrence en Dolan dy't yn 1874 kaam te ferstjerren. Neitiid hierde de eksekuteur-testamintêr abbekaat Alexander McSween yn om it jild fan 'e libbensfersekering by de fersekeringsmaatskippij te ynjen. It wie fansels de bedoeling dat it jild dêrnei oerdroegen waard oan 'e eksekuteur-testamintêr, mar McSween wegere dat te dwaan. Lawrence en Dolan en harren sakepartner John Riley woene nammentlik hawwe dat Fritz by The House in útsteande skuld hie, en McSween fermoede dat it jild fan 'e libbenfersekering linea recta nei The House gean soe sadree't er it oan 'e eksekuteur-testamintêr joech. It is ûndúdlik oft McSween in jildige reden hie om it jild fêst te hâlden, mar yn elts gefal sil it him net botte oanstien hawwe om 'e kas fan syn fijannen te spekken.
Yn febrewaris 1878 spanden Lawrence en Dolan yn 'e kwestje om 'e libbensfersekering in rjochtsaak tsjin McSween oan. Hoewol't de saak úteinlik seponearre waard, wisten se wylst er rûn in gerjochtlike befel te bemachtigjen wêrmei't se beslach lizze koene op al McSween syn besittings. By fersin waarden dêrby ek de besittings fan McSween syn sakepartner Tunstall foar beslachlizzing frijjûn. De korrupte sheriff William J. Brady, dy't op 'e leanlist fan The House stie, stalde dêrop in posse gear om nei de ranch fan Tunstall te riden, 112 km bûten Lincoln. De posse bestie, njonken Brady sels, út William Morton, Jesse Evans, Tom Hill en Frank Baker.
Moard op John Tunstall
Op 18 febrewaris 1878 kamen sheriff Brady en syn posse John Tunstall oer it mad doe't dy mei guon fan syn cowboys, ûnder wa Richard M. Brewer, William H. Bonney (Billy the Kid), John Middleton, Robert A. Widenmann, Henry Newton Brown en Fred Waite, in keppel fan njoggen hynders nei de feemerk yn Lincoln brocht. By dy moeting fûn Tunstall de dea. De leden fan 'e posse besochten it letter foar te stellen as hie Tunstall sels in fjoergefjocht útlokke en hiene sy harren inkeld ferdigene, mar bewiismateriaal op it plak delikt suggerearre dat Tunstall krekt besocht hie in konfontaasje foar te kommen foar't er deasketten wie. Yn elts gefal waard letter yn in, nei't men oannimme mei, ûnpartijich ûndersyk troch Frank Warner Angel, in spesjale gesant fan 'e Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken, fêststeld dat Tunstall koelbloedich deasketten wie troch Jesse Evans, William Morton en Tom Hill. Nei't se him fermoarde hiene, skeaten de leden fan 'e posse ek syn hynder dea, mei't Tunstall bekend stie om syn leafde foar hynders. Ut 'e fierte wei wiene ferskaten fan Tunstall syn cowboys tsjûge fan 'e moard, ûnder wa Dick Brewer en Billy the Kid.
De striid brekt los
McSween, dy't in prinsipieel pasifist wie, besocht de moardners fan syn sakepartner oan te pakken fia it rjocht. Fan rjochter John B. Wilson wist er arrestaasjebefellen tsjin harren te bemachtigjen. De cowboys fan Tunstall, dy't troch syn moard ta razernij brocht wiene, foarmen ûnderwilens in eigen posse of binde (ôfhinklik fan hoe't men it besjen wol), en neamden harsels de Regulators. Brewer, Tunstall syn foarman, dy't spesjaal plysjefoech krigen hie om 'e moardners fan Tunstall op te pakken, beëdige de oaren ta syn assistinten. De gearstalling fan 'e Regulators ferskilde neitiid fan gelegeheid ta gelegenheid, mar de 'hurde kearn' waard foarme troch Brewer, Billy the Kid, Frank McNab, Doc Scurlock, Jim French, John Middleton, George W. Coe, Frank Coe, José Chavez y Chavez, Charlie Bowdre, Fred Waite en Henry Newton Brown.
Koart nei de foarming fan 'e Regulators waarden Billy the Kid, Brewer en Waite troch sheriff Brady arrestearre doe't se him in deifurding besochten te bringen. Se fertochten him nammentlik fan mandéligens oan 'e plondering fan 'e winkel fan Tunstall nei dy syn dea. Brady briek dêrby de wet troch de status fan plysjes fan syn tsjinstanners folslein te negearjen. Dêrop foel Robert A. Widenmann, dy't in plakferfangend U.S. marshal wie, mei in detasjemint soldaten it tichthûs fan Lincoln County binnen, dêr't se Billy the Kid, Brewer en Waite frijlieten en harren sipiers, de helpsheriffs fan Brady, sels efter de traaljes setten.
Nei't de mannen frijkommen wiene, setten de Regulators mei mannemacht ôf nei de winkel fan The House. Dêr kamen se Morton en Baker oer it mad, dy't útnaaiden, mar nei in lange efterfolging op 6 maart finzen nommen waarden. Doe't se dagen letter weromkearden yn Lincoln, rapportearren de Regulators dat Morton en Baker op 9 maart yn 'e neite fan 'e rivier de Agua Negra deasketten wiene doe't se op 'e nij besochten te ûntkommen. Neitiid hiene de Regulators ûnderweis werom nei Lincoln ien fan harren eigen mannen, in McCloskey, ombrocht, dy't se derfan fertochten in ferrieder te wêzen.
De oare beide moardners fan Tunstall, Tom Hill en Jesse Evans, waarden, tafallich ek op 9 maart, delsketten doe't se yn 'e neite fan Tularosa in skieppehoeder besochten te berôvjen. Hill kaam dêrby om, wylst Evans swierferwûne oerbrocht waard nei Fort Stanton foar medyske fersoarging. Dêr waard er daliks arrestearre op grûn fan in âld federaal opspoaringsbefel dat tsjin him útfurdige wie foar it stellen fan fee út in Yndianereservaat.
Moard op William J. Brady
Nei de dea fan Morton, Baker en McCloskey die sheriff Brady in formeel fersyk om help oan 'e territoriale prokureur-generaal Thomas Benton Catron om "dizze anargy" te beëinigjen. Catron wie in lieder fan 'e saneamde Santa Fe Ring, in fermidden fan korrupte politisy en sakelju mei nauwe bannen mei de faksje fan Murphy en Dolan. Hy ferwiisde de kwestje troch oan gûverneur Samuel B. Axtell fan it Territoarium Nij-Meksiko, dy't yn eigen persoan ôfreizge nei Lincoln County om dêr de boel te hifkjen. Op syn besyk waard er beselskippe troch James Dolan en dy syn sakepartner John Riley, en al rillegau die bliken dat de gûverneur fijannich foar de faksje fan McSween oer stie. Hy besleat dat John B. Wilson, de rjochter dy't arrestaasjebefellen tsjin 'e posse fan Brady útfurdige hie, yllegaal oansteld wie en dat syn aksjes dêrom neatich wiene. Mei't Wilson ek Brewer en fia him de oare Regulators ynsward hie, ferlearen de Regulators troch dy set yn ien klap harren plysjefoech. Tenei waarden se troch de autoriteiten oanmurken foar banditen. It slagge Axtell fierders om 'e status fan U.S. marshal fan Widenmann ynlutsen te krijen, sadat sheriff Brady fan dat stuit ôf as iennichste mei plysjefoech yn Lincoln County oerbleau.
De Regulators joegen it lykwols net oer. Ynstee besleaten se om in rekken te fereffenjen mei Brady. Op 1 april rieden French, McNab, Middleton, Waite, Brown en Billy the Kid nei Lincoln ta, dêr't se Brady en syn helpsheriff George W. Hindman op 'e haadstrjitte oer it mad kamen en deaskeaten. Brady waard dêrby trochsingele troch teminsten tolve kûgels, wylst de dea fan Hindman mear in kwestje west liket te hawwen fan dat er op it ferkearde momint op it ferkearde plak wie. Billy the Kid en Jim French rekken by dy konfrontaasje ferwûne troch deselde kûgel, ôffjurre troch de oerlibjende helpsheriff Bill Matthews. Dat barde doe't se nei de moard nei it stoflik omskot fan Brady ta draafden, mooglik om syn arrestaasjebefel foar McSween te fertsjustermoanjen of om it gewear fan Billy the Kid werom te nimmen, dat Brady by syn eardere arrestaasje fan Billy stellen hie. French syn ferwûning wie sa swier dat er in skoft útskeakele wie en ûnderdûke moast yn 'e krûpromte ûnder it hûs fan in Sam Corbet. Widenmann wie op it stuit fan 'e moard op Brady ek yn Lincoln oanwêzich, mar it waard nea fêststeld oft hy der ek by belutsen wie. Sels seid er fan net; hy soe by de eardere winkel fan Tunstall omslein hawwe om Tunstall syn hûn te fuorjen.
Mei de moard op Brady en Hindman ferlearen de Regulators in protte sympaty mank de ynwenners fan Lincoln County, dy't no beide partijen yn it konflikt begûnen te sjen as like korrupt en moardsuchtich. McSween waard rûnom beskôge as de lieder fan it ferset tsjin The House, mar nei alle gedachten operearren de Regulators folslein op eigen manneboet; neffens in kontemporên artikel yn in pleatslike krante ûntstrieden se "eltse konneksje [...] mei McSween en syn saken". Joel Jacobsen, auteur fan it boek Such Men as Billy the Kid: The Lincoln County War Reconsidered (1997), betwifele sels oft Billy the Kid en McSween inoar sels mar met hiene foarôfgeande oan 'e moard op sheriff Brady.
Sjitpartij by Blazer's Mill
Op 4 april, trije dagen nei de moard op Brady, berikten de Regulators, dy't yn súdwestlike rjochting út Lincoln wei ôfset wiene, de houtseagerij anneks hannelspost Blazer's Mill, dêr't de Apachen fan it Meskalearo Yndianereservaat wei befoarriede waard mei kowefleis. Dêre troffen se de rancher en eardere bizonjager Buckshot Roberts, ien dy't se fertochten fan belutsenens by de moard op Tunstall. Roberts wegere mei te wurkjen en focht oan 'e dea ta troch, al hied er earder yn it gefjocht al in skotwûne yn syn boarst oprûn. Sels skeat er ûnder it gefjocht de lieder fan 'e Regulators dea, Richard M. Brewer, wylst fjouwer oare leden fan 'e groep (Middleton, Scurlock, George W. Coe en Billy the Kid) ferwûne rekken. It ynsidint ferfrjemde de Regulators noch fierder fan 'e befolking, mei't in protte minsken bewûndering hiene foar de moed fan Roberts by in treffen dat er net winne koe.
Sjitpartij op 'e Fritz-ranch
Nei de dea fan Brewer keazen de Regulators Frank McNab as harren nije foaroanman. Se fongen in skoftke de wyn yn 'e seilen troch de oanstelling fan John Copeland as de nije sheriff, dy't sympaty hie foar harren saak. It gesach fan Copeland waard lykwols ûndermine troch The House, dat nije meistanners rekrutearre út 'e helpsheriffs fan 'e fermoarde Brady. Op 29 april 1878 waarden McNab, Ab Saunders en Frank Coe op 'e Fritz Ranch oanfallen troch in posse ûnder lieding fan 'e eardere helpsheriff George W. Peppin, dêr't ek leden fan 'e Jesse Evans Binde en de Seven Rivers Warriors diel fan útmakken. By dat fjoergefjocht waard McNab deasketten, wylst Saunders slim ferwûne rekke en Coe finzen nommen waard. Koarte tiid letter wist Coe lykwols te ûntsnappen, neffens it ferhaal mei help fan helpsheriff Wallace Olinger, dy't him in revolver jûn hawwe soe.
Sjitpartij yn Lincoln (april 1878)
In dei letter, op 30 april, waarden Tom Green, Charles Marshall, Jim Patterson en John Galvin deasketten yn 'e neite Lincoln. Dy fjouwer mannen wiene allegearre leden fan 'e Seven Rivers Warriors. Hoewol't de Regulators de skuld fan 'e moarden op 'e lea skood waard, is noch altyd ûnwis oft se der wol wat mei te krijen hiene. Yn elts gefal waard harren belutsenens by dizze saak nea bewiisd.
Dyselde deis namen de Regulators definsive posysjes yn it stedsje Lincoln yn, wêrnei't se skotten útwikselen mei de trewanten fan The House, mar ek mei soldaten fan 'e Amerikaanske kavalery. De iennichste dy't by dizze konfrontaasje rekke waard, wie Dutch Charley Kruling, in revolverman fan The House dy't ferwûne waard troch George Coe. Troch op soldaten te sjitten, wûnen de Regulators in nije fijân: it Amerikaanske Leger, dat yn it ramt fan sa'n lyts, pleatslik konflikt oer in ûnútputlike mankrêft beskikte. Op 15 maaie spoarden de Regulators Manuel Segovia op, in lid fan 'e Seven Rivers Warriors dy't se derfan fertochten it deadlike skot op Frank McNab lost te hawwen. Se kamen him oer it mad en makken him dea. Om dyselde snuorje hinne namen se ek in nij lid yn har fermidden op: Tom O'Folliard, in jonge cowboy út Teksas, dy't him ûntjoech ta in goede freon fan Billy the Kid.
Slach om Lincoln (july 1878)
It konflikt ottere mei lege yntinsiteit troch. De posysje fan 'e Regulators boaze oan doe't gûverneur Axtell, yn in kwasy-legale set, sheriff Copeland út syn amt ûnthefte en yn syn plak George W. Peppin oanstelde, dy't op 'e hân fan The House wie. De Regulators waarden neitiid socht op fertinking fan moard y.f.m. de dea fan sheriff Brady en helpsheriff Hindman, en brochten de folgjende moannen op 'e flecht troch. Op 15 july 1878 begûn der lykwols in grutskalige konfrontaasje tusken de beide partijen, dy't bekend wurden is as de Slach om Lincoln.
The House krige ynljochtings taspile dat de Regulators har opholden yn 'e wente fan Alexander McSween, yn Lincoln, en dat bliek wier te wêzen. De Regulators lieten har ferrasse en waarden belegere yn 'e wente fan McSween en de Ellis-winkel troch sheriff Peppin en syn helpsheriffs, de mannen fan Murphy en Dolan en de Seven Rivers Warriors. Yn 'e wente fan McSween befûnen har Alexander McSween sels, syn frou Susan, harren bern, Harvey Morris (de partner yn McSween syn abbekatekantoar), Billy the Kid, Henry Newton Brown, Jim French, Tom O'Folliard, José Chavez y Chavez, George Coe in stikmannich Meksikaanske vaqueros dy't Chavez meibrocht hie. De Ellis-winkel waard beset holden troch Doc Scurlock, Charlie Bowdre, John Middleton, Frank Coe en ferskate oaren.
De folgjende trije dagen waarden de Regulators belegere en wikselen de beide partijen skotten en misledigings út. Tom Cullens, ien fan 'e ferdigeners fan 'e wente fan McSween, fûn de dea troch in ferdwaalde kûgel. Brown, George Coe en in Joe Smith brieken út it hûs fan McSween út en besetten de eardere winkel fan Tunstall, dêr't se twa mannen fan Dolan mei gewearfjoer in bûtendoarhúske yn jagen en doe twongen om yn 'e latrine dêrûnder te dûken om it faaie libben derôf te rêden.
De ympasse waard trochbrutsen doe't de belegerders op 19 july fuortsterke waarden troch in ôfdieling fan 'e Amerikaanske kavalery û.l.f. kolonel Nathan Dudley. It leger wie yn namme neutraal, mar nei de eardere konfrontaasje mei de Regulators yn Lincoln wie it logyskerwize op 'e hân fan The House. Dy middeis stieken de belegerders it hûs fan McSween yn 'e brân. Susan McSween, in oare frou en fiif bern mochten dêrnei it hûs ûnskansearre ferlitte, mar de mannen waarden net trochlitten.
Dat late let dy jûns ûnder dekking fan 'e reek en it nachtlik tsjuster ta in wanhopich besykjen ta útbrekken troch de Billy the Kid en syn maten, nei't Billy in swak plak yn 'e belegering ûntdutsen hie. Jim French gie as earste nei bûten, sjittend mei beide revolvers, folge troch Billy sels, O'Folliard en Chavez. De belegerders iepenen it fjoer, mar skeaten by fersin Harvey Morris dea. De Seven Rivers Warrior Bob Beckwith kaam ek om. De fjouwer Regulators wisten lykwols út te piken, en de besetters fan 'e Ellis-winkel en de âlde winkel fan Tunstall spilen ek fan ruten. Neitiid waard McSween troch de mannen fan The House deasketten doe't er oan 'e flammen besocht te ûntkommen. Mei syn dea einige de Prêrjeoarloch fan Lincoln County.
Balâns en neisleep
Yn totaal koste de Prêrjeoarloch fan Lincoln County 23 deaden en 23 ferwûnen. Nei de Slach om Lincoln giene de Regulators útinoar. De measten besochten te ferdwinen en in nij libben te begjinnen. Inkelen fan har, te witten Billy the Kid, Charlie Bowdre en Tom O'Folliard, setten har bestean as banditen yn Nij-Meksiko fuort mei fersterking fan Dave Rudabaugh. Harren fierdere aventoeren hiene lykwols neat mear mei de striid tsjin 'e Murphy-Dolan-faksje te krijen. Uteinlik spoarde in nije sheriff, Pat Garrett, de mannen ein 1880 op, wêrby't Bowdre en O'Folliard deasketten waarden troch de efterfolgjende posse. Billy the Kid waard yn july 1881 troch Garrett sels deasketten yn Fort Sumner.
Mei de moard op McSween wie de Prêrjeoarloch fan Lincoln County einige yn in klinkende oerwinning fan The House, mar Lawrence Murphy koe dêr net lang fan genietsje: hy stoar op 20 oktober 1878 mei 47 jier oan kanker. Susan McSween, de frou fan Alexander, naam abbekaat Huston Chapman yn 'e earm om James Dolan en syn trewanten efter de traaljes te krijen, wylst se har ek ynsette foar amnesty foar de eardere Regulators. Op 18 febrewaris 1879, persiis in jier nei de moard op Tunstall, waard Chapman fermoarde troch Jesse Evans en Billy Campbell, dy't neitiid de wyk namen út Nij-Meksiko wei. Dy moard waard ek Dolan oanrekkene, hoewol't syn belutsenens dêrby nea bewiisd is. Hy krige letter al Tunstall syn lân yn eigendom en stoar yn 1898 op syn ranch, doe't er 49 jier wie. Susan McSween wie de oare winner fan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County, mei't ek sy neitiid grutte lânerijen wist te bemachtigjen en in ranch begûn yn Three Rivers. Tsjin 'e midden fan 'e 1890-er jierren wie dy ranch ien fan 'e grutsten fan Nij-Meksiko, dêr't jiers tusken de 3.000 en 5.000 fleiskij produsearre waarden. Susan McSween stoar smoarryk yn 'e âlderdom fan 85 jier op 3 jannewaris 1931.
Yn 'e popkultuer
De Prêrjeoarloch fan Lincoln County wie eins in frij lytsskalich konflikt, dat yn neat oars wie as withoefolle oare prêrjeoarloggen yn it Wylde Westen. Mar tanksij de belutsenens fan 'e ferneamde bandyt Billy the Kid krige it in bûtenproporsjonele mjitte fan bekendheid. De Prêrjeoarloch fan Lincoln County wurdt sadwaande werjûn (de iene kear histoarysk akkurater as de oare) yn in ferskaat oan romans en films. De bekendste films oer it konflikt binne Billy the Kid (1930), The Kid from Texas (1950), The Left Handed Gun (1958), Chisum (1970), Pat Garrett and Billy the Kid (1973), Young Guns (1988) en it ferfolch dêrop Young Guns II (1990), The Kid (2019) en Old Henry (2021).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |