Streamgebiet fan de Potmac

De Potomac yn it easten fan de Feriene Steaten mûnet yn de Chesapeakebaai. De rivier is sa'n 665 km lang en hat in streamgebiet fan 38.000 km2. It is de fjirds grutste rivier oan de Atlantyske kust en de 21ste rivier nei grutte yn de Feriene Steaten. Yn it streamgebiet fan de Potomac wenje likernôch 5 miljoen minsken.

De Potomac is de súdlike grins fan de steat Maryland en Washington, D.C. op de linkerouwer en West Firginia en Firginia op de rjochterigge. De rivier ûntstiet út de gearrin fan de North Branch Potomac en de South Branch Potomac. De noardlike tûke ûntstiet by Fairfax Stone yn de steat West Firginia op it plak dêr't de counties Grant, Tucker en Preston oan elkoar grinzje. De súdtûke begjint by Hightown yn de county Highland, yn Firginia. De twa rivieren komme by elkoar be-easten fan Green Spring yn de county Hampshire, West Firginia, dêr't sy tegearre de Potomac foarmje.

De wichtichste stêd oan de rivier is Washington D.C.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.