De Kwakiûtl binne in folk dat ek hjoed de dei noch it gebrûk fan 'e potlatch yn eare hâldt. Op 'e foto is Wawadit’la te sjen, in langhûs fan 'e Kwakiûtl dat yn 1953 troch opperhaad Mungo Martin yn it Thunderbird Park yn Victoria boud waard, spesifyk foar it hâlden fan potlatches en it ûnderbringen fan gasten.

In potlatch (Ingelske útspr.: [pɔt'læʧ], likernôch: "pot-letsj") is in feestlik ritueel, wêrby't troch de gasthear en/of gastfrou geskinken weijûn wurde. It komt foar yn 'e kultueren fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Pasifyske kusten fan it Amerikaanske Noardwesten, Britsk-Kolumbia en Súdeast-Alaska. Tradisjoneel wie it it wichtichste ekonomyske systeem fan dy folken. Yn ôfswakke foarm en ûntdien fan 'e ekonomyske aspekten komt de potlatch ek foar by folken dy't mear yn it binnenlân libje. De potlatch waard fan 1884 ôf desennia lang ferbean troch de oerheden fan Kanada en de Feriene Steaten, mar gie yn dy tiid klandestyn troch. Sûnt de opheffing fan it ferbod is de seremoanje yn in soad mienskippen wer oplibbe.

Etymology

It wurd potlatch is troch it Ingelsk ûntliend oan it Sjinnûk Jargon, dat fan âlds in lingua franca yn it Amerikaanske Noardwesten en it suden fan Britsk-Kolumbia wie. Yn dy taal betsjutte it wurd safolle as "weijaan" of "geskink". It Sjinnûk Jargon hie it wurd oarspronklik út it Nûtka, fan paɬaˑč, dat betsjut "in seremonieel geskink weijaan yn it ramt fan in potlatch-ritueel".

Beskriuwing

Oarspronklik wie de potlatch it wichtichste ekonomyske systeem fan 'e Bella Bella (Bella Bella of Heiltsuk), Bella Kûla (Bella Coola of Nuxalk), Haida (Haida), Kwakiûtl (Kwakiutl of Kwakwaka’wakw), Makah (Makah), Nûtka (Nootka of Nuu-chah-nulth), Tlingit (Tlingit), Tsimsjian (Tsimshian) en de ûnderskate Kust-Salisjaanske folken. De krekte tradysjes oangeande de potlatch ferskille, soms sterk, ôfhinklik fan 'e etnyske groep, delsetting of sels clan. De Tlingit hâlde bygelyks potlatch-seremoanjes ta gelegenheid fan begraffenissen en erfenissen (d.w.s. de oerdracht fan tribale titels en lân fan 'e iene persoan op 'e oare). De Kwakiûtl, oan 'e oare kant, hâlde potlatch-seremoanjes ta gelegenheid fan brulloften, adopsjes en berten (d.w.s. it opnimmen fan nije leden yn 'e stamme). De term "potlatch" is eins in hiel algemiene oerkoepeljende oantsjutting, mei't de folken dy't de potlatch kenne, yn 'e regel ferskillende nammen hawwe foar potlatch-seremoanjes dy't foar ferskillende gelegenheden holden wurde. Hjirûnder wurdt fierder de potlatch fan 'e Kwakiûtl beskreaun.

De potlatch waard oer it algemien mear yn 'e winter holden as yn it simmerhealjier, mei't dat bestimd wie om rykdommen te sammeljen troch jacht, fiskerij, beisykjen en hannel. It winterhealjier waard mei-inoar trochbrocht yn langhuzen, en dan wie der alle tiid foar it hâlden fan seremoanjes. In potlatch waard by de Kwakiûtl organisearre troch in numaym of 'hûs', in yngewikkelde besibskipsgroep, dêr't ornaris aristokraten lieding oan joegen, mar dy't ek sljochtwei folk en soms slaven omfieme. In numaym hie likernôch hûndert leden, en ferskaten foarmen mei-inoar in stamme. De numaym ûntliende syn identiteit oan syn foarâlderlike stifter: yn 'e regel in mytysk bist dat út 'e himel nei de ierde delkommen wie en syn bistemasker ôfnommen hie, sadat er in minske wurden wie. It masker waard dêrnei in erfstik dat fan heit op soan troch de lieders fan 'e numaym trochjûn waard, tegearre mei de namme fan 'e stifter sels. De lieder waard dêrtroch as de ynkarnaasje fan 'e stifter beskôge.

Inkeld de riken koene in potlatch hâlde. Tribale slaven mochten hielendal net oan in potlatch dielnimme as gasthear of gast. It koe foarkomme dat der ferskate gasthearen of gastfrouwen tagelyk wiene, mar dat wie seldsum, en yn sokke gefallen gie it altyd om nau besibbe famyljeleden. As in lid fan 'e stamme ferwûne rekke of misledige wie of om 'e iene of oare reden bleat kommen wie te stean oan kwealaster of hún, koe it hâlden fan in potlatch helpe om syn of har besmodzge reputaasje te behimmeljen. De seremoanjes giene mank mei it hâlden fan taspraken, en ek mei sang en dûns.

In foto fan Edward S. Curtis út 'e twadde helte fan 'e 19e iuw fan in potlatch fan 'e Kwakiûtl mei dûns en sjongen.

De potlatch waard ek brûkt as gelegenheid om titels dy't ferbûn wiene oan maskers en oare foarwerpen troch te jaan oan nije dragers. Dêrby gie it om twa soarten titels. Yn it foarste plak omfieme eltse numaym in stikmannich posysjes fan mei rang beklaaide sitten dy't binnen de numaym trochjûn waarden. Dêroan wiene rjochten ferbûn oangeande jacht, fiskerij en beirispjen. Eltse persoan koe mear as ien sit hawwe, wêrby't de oan sa'n sit ferbûne maatskiplike posysje kumulatyf wurke. Hokker en hoefolle sitten men hie, bepaalde sa jins plak by in potlatch. Oard wiene der in stikmannich titels dy't fan 'e iene op 'e oare numaym oerdroegen waarden, yn 'e regel oan skoanfamylje, lykas feestnammen dy't rjocht joegen op it spyljen fan in rol yn 'e prestizjeuze Winterseremoanje. Aristokraten hiene der gjin beswier tsjin om sokke titels wei te jaan oan 'e bern fan harren úthylke dochters, om't dy dochters en harren bern neitiid weriene waarden mei de foarâlderlike numaym, sadat de titels altyd weromkamen.

By in potlatch waard troch de gasthear of gastfrou behalven titels ek replik guod weijûn. Dat waard beskôge as in essinsjeel ûnderdiel fan 'e potlatch, mar dochs folle minder wichtich as it trochjaan fan titels. It replik guod dat weijûn waard, omfieme saneamde Tsjilkat-tekkens (weve fan geitehier en sederbast), bistehûden en -pelzen, itensfoarrieden, oalje, kano's, slaven, ornamintele koperen skylden en letter ek grutte oantallen Hudsonbaaitekkens, dêr't men oan kaam troch hannel te driuwen mei de Britske Hudsonbaaikompanjy. Lân waard lykwols nea weijûn, mei't dat nedich wie om troch jacht, fiskerij en beirispinge de rykdom wer op peil te bringen. Behalven dat guod weijûn waard, waard by potlatch-seremoanjes ek faak in soad spul moedwillich en seremonieel ferneatige troch it yn in fjoer te smiten.

It idee efter de potlatch wie dat de gasthear syn gasten, dy't faak ek syn rivalen wiene, útdage om him yn macht te ferslaan troch by in eigen potlatch syn weijaan fan geskinken en ferneatigjen fan eigendommen te oertreffen. As in gast net de folle hûndert persint fan 'e ûntfongen geskinken werom- of trochjoech en noch mear guod ferneatige yn in noch grutte fjoer, litten hy en syn numaym gesichtsferlies, sadat harren macht belune. Hierargyske relaasjes binnen en tusken clans, delsettings en stammen waarden fêststeld en fuortsterke troch de distribúsje en ferneatiging fan rykdom dy't mei in potlatch mank gie. De status fan in famylje hie net te krijen mei wa't it measte besiet, mar mei wa't it measte weijoech.

Skiednis

It systeem fan 'e potlatch wie der mei debet oan dat mank de Yndiaanske kultueren fan 'e Noardwestkust materiële besittings wichtiger achte waarden as hast alle oare dingen yn it libben. Nettsjinsteande dat wurke it ekonomyske systeem prima oant oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw de earste blanken it gebiet besochten. Dyselden yntrodusearren dêr ferskate sykten dêr't de Yndianen gjin ferwar tsjin hiene. Epidemyen, benammen fan 'e pokken, soargen foar in ûnbidige weromrin fan 'e befolking. De striid om it fêststeande oantal by de potlatch trochjûne titels naam doe ta om't ek it tal aristokraten tebekrûn, mei as gefolch dat foar it earst yn 'e skiednis sljochtwei lju oanspraak op 'e titels begûnen te meitsjen troch sels potlatch-seremoanjes te organisearjen. De oerbleaune aristokraten reägearren troch te besykjen de titels te behâlden troch by harren potlatches almar mear wei te jaan en te ferneatigjen, oant se harsels bytiden bankrot sloegen. De ekonomy fan 'e potlatch-fierende folken krige doe te lijen fan it ferskynsel hyperynflaasje, dat mei mooglik makke waard troch de yntroduksje troch blanke keaplju fan massaprodusearre guod, lykas de earder neamde Hudsonbaaitekkens.

It wie de distribúsje fan grutte oantallen Hudsonbaaitekkens en de ferneatiging fan weardefolle koperen foarwerpen dy't de potlatch, alteast yn 'e eagen fan 'e blanken, in negatyf oansjen joech. Benammen kristlike misjonarissen beskôgen de potlatch as in skealik en ûnproduktyf gebrûk, dat rjocht yngie tsjin 'beskaafde' noarmen en wearden. Sa skreau de misjonaris William Duncan yn 1875 dat de potlatch "fierwei it meast formidabele obstakel op it paad fan 'e Yndianen [wie] om kristenen te wurden, of sels mar beskaafd." Op oantrúnjen fan sokken ferbea de oerheid fan Kanada yn 1884 de potlatch, en in pear jier letter lei ek it regear fan 'e Feriene Steaten der it near op. Under de Kanadeeske Indian Act stie op it hâlden fan 'e potlatch, sawol as op it oanfiterjen ta it hâlden fan 'e potlatch in finzenisstraf fan minimaal twa en maksimaal seis moannen.

It Kwakiûtl-opperhaad O’wax̱a̱laga̱lis sei oer it potlatch-ferbod tsjin antropolooch Franz Boas:

"Wy sille dûnsje as ús wetten ús oarderje te dûnsjen en wy sille feestfiere as ús herten langje om te feestfieren. Freegje wy de blanken soms: 'Doch sa't de Yndianen dogge'? Nee, dat dogge wy net. Wêrom freegje jimme ús dan: 'Doch sa't de blanken dogge'? It is in strange wet dy't ús hjit te dûnsjen. It is in strange wet dy't ús hjit ús eigendommen mank ús freonen en buorlju te ferdielen. It in goede wet. Lit de blanken harren wetten neilibje; wy sille uzes neilibje. En no, as jo komme om ús te ferbieden om te dûnsjen, jou jo ôf; binne jo om in oare reden kommen, wês dan wolkom te uzes."

In foarbyld fan in ornaminteel koperen skyld dat brûkt waard om by in potlatch as geskink weijûn te wurden.

Boas skreau letter, yn 1888, dat it potlatch-ferbod folslein mislearre wie:

"De twadde reden foar de ûnfrede mank de Yndianen is in wet dy't in skoft lyn fan krêft wurden is, dy't it fieren fan feesten ferbiedt. De saneamde potlatch fan al dy stammen komt foar dat de rykdom yn inkele famyljes gearkloftsje kin. It is in winsk dy't elts opperhaad en sels eltse sljochtwei man nei oan it hert leit om in grutte hoemannichte besittings te garjen en dy dêrnei wei te jaan by in grutte potlatch, in feest wêrby't alles ferdield wurdt ûnder syn freonen, en, sa mooglik, ûnder de oanbuorjende stammen. Dy feesten binne sa nau ferbûn mei de religieuze ideeën fan 'e lânseigen befolking, en se regulearje harren libbens yn sa'n hege mjitte, dat sels de kristlike stammen yn 'e neite fan Victoria se net opjûn hawwe. Elts geskink ûntfongen op in potlatch moat weromjûn wurde op in oare potlatch, en in man dy't syn feest net op 'e tiid hâlde wol, soe beskôge wurde as immen dy't syn skulden net betellet. De wet is dêrom gjin goede wet, en kin net ôftwongen wurde sûnder algemiene ûnfrede te feroarsaakjen. It regear is boppedat net by steat om neilibbing ôf te twingen. Der binne safolle delsettings en de Yndiaanske agintskippen binne sa grut, dat der nimmen is om 'e Yndianen in striebreed yn 'e wei te lizzen by wat se mar dwaan wolle."

Nei ferrin fan tiid waard it potlatchferbod oanpast om mear alomfetsjend te wêzen en foarmflaters foar te kommen dy't earder laat hiene ta frijspraak fan rjochtsferfolging. Fan dy tiid ôf wie it ek strafber om as gast op in potlatch oanwêzich te wêzen. Alle Yndiaanske folken fan 'e Noardwestkust blieken lykwols te manmachtich om ûnder de tomme te hâlden op in mêd wêrop se net tajaan woene, en neilibbing fan 'e wet koe dêrom net ôftwongen wurde. De dichter Duncan Campbell Scott, dy't fan 1913 oant 1932 oan it haad stie fan it Kanadeeske Departemint fan Yndiaanske Saken, beprate dêrom it Parlemint fan Kanada om it ferbod te feroarjen fan in misdriuw yn in oertrêding, sadat de troch de oerheid oanstelde Yndiaanske aginten gefallen berjochtsje en straffen útdiele koene. Behalven yn inkele lytse kriten bleaune de Yndianen lykwols fijannich foar de wet oer stean, dy't se wreed en ûnakseptabel fûnen. Sels de Yndiaanske aginten, dy't foar in wichtich part oansteld wiene om derfoar te soargjen dat de Yndianen har oan 'e wetten fan 'e blanken ûnderwurpen, fûnen it almeast ûnnedich en kontraproduktyf om lju te ferfolgjen dy't dielnamen oan in potlatch, mei't se derfan oertsjûge wiene dat it gebrûk út himsels wol útstjerre soe as jongere Yndianen, dy't better ûnderwiis genoaten hiene, it bestjoer oer de stammen oernamen fan in âlderein dy't oan 'e âlde tradysjes fêsthâlde woe.

Yn 'e Feriene Steaten waard it ferbod op 'e potlatch ôfskaft yn 1934, doe't as ûnderdiel fan 'e New Deal fan Franklin D. Roosevelt de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje oannommen waard. Yn Kanada bleau it ferbod noch fan krêft oant 1951. Sûnt hat der in beskate oplibbing fan 'e potlatch plakfûn, wêrby't troch de jierren hinne faker en mear seremoanjes organisearre waarden, dy't no wer iepentlik plakfine koene. Dat is benammen it gefal sûnt oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren en it begjin fan 'e 1970-er jierren in algemiene oplibbing fan 'e Yndiaanske kultueren yn Noard-Amearika ûntstie. De antropolooch Sergei Kan waard tusken 1980 en 1987 troch de Tlingit fan Súdeast-Alaska útnûge om ferskate potlatch-seremoanjes by te wenjen. Hy stelde op grûn fan syn ûnderfinings fêst dat der in taalkleau gappe tusken de âlderein en de jongere stammeleden (fan ûnder de fyftich jier), mei't dy lêste groep oer it algemien de Tlingit-taal net mear machtich wie. Fierders murk er ek op dat de hjoeddeistige rituëlen, oars as de tradisjonele potlatch-seremoanjes, gjin ferplichte karakter mear hawwe, mei as gefolch dat net mear as 30% fan 'e folwoeksen stammeleden deroan dielnaam. Los fan dy ferskillen stelde Kan dat neffens syn ynskatting it meastepart fan 'e essinsjele eleminten en de geast fan 'e tradisjonele potlatch noch altyd fuortbesteane yn 'e moderne seremoanjes fan 'e Tlingit.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.