Postumus op in munt út 268, Treves, goud 7.40g.

Postumus, yn it Latyn Marcus Cassianius Latinius Postumus (? - 269), wie in Romeinsk keizer fan de simmer ôf fan 260 oant begjin 269. Hy wie hearsker oer in part fan it Romeinske Ryk dat bekend wurden is ûnder de namme Gallo-Romeinske Ryk. Hy wie in tsjin-keizer dy't yn opposysje wie fan de offisjele keizer Gallienus en Klaudius II 'Gotius' en dêrtroch in usurpator.

Skiednis

Neffens de iere skiedskriuwers soe Postumus berne wêze yn Deusone, it tsjintwurdige Diessen yn Noard-Brabân.[1]

Hy wie legeroanfierder oan de Ryn doe't de Romeinske troepen oan de Limes yn de simmer fan 260 yn opstân kamen tsjin de offisjele keizer Gallienus. Troch syn troepen waard Postumus ta keizer útroppen. De direkte oanlieding fan de rebûlje wie ûnienichheid mei Caesar Saloninus en de prefekt fan de Praetoriaanske garde, Silvanus oer de ferdieling fan de bût fan in fjildtocht. Keizer Gallienus wie op dat stuit drok dwaande mei it del slaan fan in opstân yn Egypte, sadat ynearsten amper sprake wie fan tsjinstân troch it offisjeel bewâld. Letter wreide de opstân fan Postumus út doe't it leger fan him Keulen oermastere, dêr't Silvanus en Saloninus ferbleaunen. Beiden waarden finzen set troch Postumus en fermoarde.

De opstân troch Postumus wie it begjin fan it Gallo-Romeinske Ryk, in selsstannich diel, dat troch de krisis dêr't it Romeinske Ryk yn terjochte kaam, úteinlik 14 jier bestien soe. It Ryk beslagge de trije Romeinske provinsjes yn Galje en de twa Germaanske provinsjes. Fan 261 ôf kamen ek Brittanje en it Iberyske skiereilân dêrby.

Troch it meastepart fan de boarnen wurdt Postumus omskreaun as in goede en kundige keizer. Hy hâlde in tal suksesfolle kriichstochten tsjin de Germanen dêr't hy har fier troch bûten it Ryk holde en sa de westlike provinsjes byinoar hâlde koe.

Yn 265 hie Gallienus skjin syn nocht fan de opstân troch Postumus en besocht twa kear sûnder sukses him te ferslaan. De earste kear tankte Postumus it libben trochdat de kavalerykommandant Aureolus fan Gallienus ûnfoarsichtich wie, de twadde kear waard Gallienus sels troch in pyl ferwûne en luts er him werom. Dêrnei lit er Postumus syn gong gean, omdat dy gjin oanstalten makke tsjin Gallienus op te trekken Postumus hat nea besocht syn territoarium te fergrutsjen sûnt 261. Lykwols beskôge hy it Gallo-Romeinske Ryk net as in ôfsûnderlik lân, mar kleemde hy keizer te wêzen fan it hiele Romeinske Ryk.

Sûnt 268 krige Postumus yn syn eigen Ryk hieltyd mear te stellen mei swierrichheden dy't troch syn eigen leger feroarsake waard. De swierrichheden ûntstiene troch it feit dat Postumus gjin risselwaasje makke om nei Rome ta te gean, dêr't it leger troch begûn te grommeljen. Yn it leger wienen kreften oanwêzich dy't dat woene en it hiele Romeinske Ryk ûnder ien bewâld te bringen. Om syn troepen ôf te keapen hie Postumus nochal wat jild noadich.

Al gau waard it rustige libben yn it Gallo-Romeinske ryk opskrikt troch in opstân fan it leger ûnder Laelianus yn 269. Postumus sloech de opstân del, mar waard koard dêrop troch syn eigen soldaten fermoarde doe't hy harren ferbea om de stêd Moguntiacum (tsjintwurdich Mainz) te plonderen, dêr't Laelinanus sitten hie. De troepen beneamden ferfolgens de soldaat Marius as keizer.

Boarnen

  1. Regionaal Archief Tilburg - II. Romeinen in Deusone

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.