In post is in âlde namme foar in brechje. Yn Boalsert waarden posten brûkt foar de binnegrêften, De Trije Posten. Yn Ljouwert wurdt yn 1466 al skreaun oer 'by de Post in die Hagastreta'. Smellingerlân hat de Postleane tusken Drachten en De Wylgen en tusken Beetstersweach en Weinterp rint De Posten en leit de Postbrêge. Tink hjirby ek oan Bûtenpost en Lytsepost.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.