Portsmouth | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | Súd East Ingelân | |
Greefskip | Hampshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 207.100 (2010) | |
Oerflak | 40,25 km² | |
Befolkingsticht. | / km² | |
Stêdekloft | 1.547.000 (2010) | |
Oar | ||
Stifting | 1194 (stedsrjochten) | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | BST (UTC+1) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel westee Portsmouth |
- Dizze side giet oer de stêd yn Ingelân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Portsmouth (betsjuttingsside).
Portsmouth (Nederlânsk, âldfrinzich: Portsmuiden) is in havenstêd yn it súdeasten fan Ingelân yn it greefskip Hampshire oan de seestrjitte de Solent. De stêd (city) leit op in eilân (Portsea) skean foar it súdlik lizzende Isle of Wight oer. It plak leit 103 km súdwestlik fan Londen en 31 km súdeastlik fan Southampton.
Marine
It militêr bedriuw spilet fanâlds in grutte rol yn de stêd. De marinebasis Portsmouth is de grutste militêre haven fan Jeropa. Likernôch de helte fan alle skippen fan de Royal Navy lizze dêr, ûnder oaren alle fleandekskippen. Teffens sit it Underseeboattreningssintrim Gosport en it haadkertier fan de Royal Navy yn de stêd. De marine is dêr sadwaande in grutte ekonomyske faktor en de grutste wurkjouwer.
28 juny 2005 wie foar de haven fan Portsmouth, de grutste floatskou fan alle tiden, dat barde yn it ramt fan de fiering fan de 200e jierdei fan de Slach fan Trafalgar. 167 skippen (74 fan de Royal Navy) út 36 lannen dienen der oan mei.
It besjen wurdich
- HMS Victory: it flaggeskip fan Horatio Nelson yn de slach by Trafalgar
- HMS Warrior: it earste pantserskip
- Mary Rose Museum: in museum wijd oan it 16e-iuwske oarlochsskip, de Mary Rose
- Spinnaker Tower: in útsjochtoer fan 170m, iepene yn 2005
Soannen en dochters fan Portsmouth
- George Balfour, yngenieur, ûndernimmer, parlemintaarjer
- Isambard Kingdom Brunel, yngenieur
- Houston Stewart Chamberlain, skriuwer en kultuerfilosoof
- Charles Dickens, skriuwer
- Paul Jones, muzikant
- John Madden, filmregisseur
- George Meredith, skriuwer
- Alexander Reinagle, Amerikaansk komponist
- Joseph Reinagle, muzikant
- Susanna Rowson, skriuwster en aktrise
- Ray Shulman, muzikant
- Peter Sellers, akteur
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Portsmouth fan Wikimedia Commons. |