Populariteit is de mjitte wêryn't troch (oare) minsken holden wurdt fan in persoan, idee, lokaasje, foarwerp of oar konsept of yn hokker mjitte der status of prestiizje oan takend wurdt. De term komt fia it Frânske popularité fan it Latynske popularis, dat "mienskiplik" of "dierber" betsjut. It byhearrende eigenskipswurd is populêr. It tsjinstelde fan populariteit is ympopulariteit. De term 'populariteit' wurdt yn it deistich taalgebrûk almeast brûkt yn ferbân mei films, lieten, tillefyzjeprogramma's, websiden, fideospultsjes, boeken, aktiviteiten, klean ensfh. Mei-inoar foarmje dy dingen de hjoeddeistige popkultuer (in ferkoarte foarm fan 'populêre kultuer'). De term 'populêre muzyk' is yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw yn 'e Westerske kultuer sa ynboargere rekke, dat it in muzyksjenre wurden is: popmuzyk.
Populariteit kin lykwols ek betrekking hawwe op persoanen. Yn dy kontekst giet it almeast om hokker sjongers, akteurs, presintators, politisy en oare bekende persoanen de measte fans of oanhing hawwe ûnder it publyk. It kin lykwols ek gean oer wa't it populêrst is of fûn wurdt binnen in folle lytsere groep, lykas in skoalklasse. Yn ferbân mei persoanen hat populariteit neffens psychologe Tessa Lansu, fan 'e Radboud Universiteit Nimwegen, te krijen mei it wêzen fan it mulpunt fan in sosjale groep en it hawwen fan sosjale ynfloed op 'e oare leden fan dy groep.
Yn 'e sosjology wurdt yn 'e kontekst fan it ferskynsel populariteit it bestean fan ferskate prosessen erkend. Sa kin populariteit it gefolch wêze fan wjersidige sympaty, ynterpersoanlike oantrekking en sa mear, wylst ek sosjale status, dominânsje en superioriteit in rol spylje kinne, ek al binne dat konsepten dy't eins los steane fan populariteit op himsels. Sa kin, bygelyks, in aardige, freonlike persoan aardich fûn wurde en dêrom populêr wêze. Ek kin it wêze dat immen dy't ryk is (en dêrom sosjaal superieur) om dy inkele reden populariteit krije kin, mei't oare lju tsjin him of har opsjogge.
Der besteane twa primêre typen fan ynterpersoanlike populariteit: perseptueel en sosjometrysk. Perseptuele populariteit wurdt ûndersocht troch de leden fan in beskate groep te freegjen wa't de sosjaal wichtichste leden fan harren groep binne. It resultaat sil dan subjektyf wêze. Sosjometryske populariteit is in objektive mjitting wêrby't fêststeld wurdt hoefolle konneksjes in beskate persoan hat mei oare leden fan in groep. Immen kin sadwaande in hege perseptuele populariteit, mar in lege sosjometryske populariteit hawwe en oarsom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |