Poptaslot
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plakMarsum
adresSlotleane 1
koördinaten53°12′35″ N 5°43′44″ E
bysûnderheden
type bouwurkstins
boujier16e iuw
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer28623
offisjele webside
www.poptaslot.nl

It Poptaslot, foarhinne Azingastate en Heringastate, is in lette stins of in lustslot yn it Fryske doarp Marsum, yn it eardere Menameradiel (no ûnderdiel fan De Waadhoeke). It datearret út it begjin fan 'e sechstjinde iuw en docht no tsjinst as museum.

Gebou

It Poptaslot waard omtrint 1500 boud yn opdracht fan it haadlingeskaai Heringa. Yn 1603 kaam it yn it besit fan 'e famylje Van Eysinga. Yn 1631 waard it wiidfiemjend ferboud. Neitiid waard it yn 1687 oankocht troch dr. Henricus Popta, dy't syn namme oan 'e stins joech. By it ferstjerren fan Popta, yn 1712, waard it Poptaslot by testamint neilitten oan it Poptagasthûs, in tehûs yn Marsum dêr't earmlestige froulju soargeleas harren âlde dei slite koene.

It Poptaslot yn 1780.

Fan 1906 oant en mei 1908 waard it Poptaslot yngripend restaurearre en ferboud nei in ûntwerp fan 'e Haachske arsjitekt Johan Frederik Lodewijk Frowein. De stins is noch meubilearre en ynrjochte yn 'e styl fan 'e santjinde en achttjinde iuw. It omfiemet û.m. in tuorke, in poartegebou mei doweslach, in grutte seal en de saneamde Bumakeamer. Op 'e boppeste ferdjipping befine har noch twa fraai bewurke ikehoutene bedsteden dy't datearje út 1540. Dêr binne ek replika's fan in lampetkanne en skûtel fan it Poptasulver.

Tún

Yn 1735 waard de tún fan it Poptaslot troch Valentijn Pommer oanlein yn 'e foarm fan in lyts hôf. Tusken 1840 en 1845 waarden de tunen fan 'e stins op 'e nij oanlein yn 'e Fryske lânskipsstyl, neffens in ûntwerp fan túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard út Ljouwert. Dy tún is der lykwols net mear. By de restauraasje fan 'e stins, yn 'e jierren 1906-1908, waard der nammentlik in nije, geometryske tún oanlein nei in ûnwerp fan Willem Cornelis de Groot.

Galery

Keppelings om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.