De Popta-skat is in kolleksje sulver dat heart ta it Poptaslot of Heringastate yn Marsum.

De kolleksje wurdt tentoansteld yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Oannomd kin wurde, nei lange ûnwissichheid, dat Rintie Jans, sûnt 1646 master yn Ljouwert, de makker is. It grutte bekken en it lampet ( mei jierletter 1671 ), de lytsere skûtel en kearsesnuter drage itselde masterteken (beker). De styl fan de stikken dogge tinken oan it wurk fan de Amsterdamske master Jehannes Lutma (om 1584-1669). De foarstellings op de grutte skûtel binne ûntliend oan printen fan H. Goltzius.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.