Ponka Yndianereservaat Ponca Indian Reservation | ||
It plak dêr't de Niobrara (rjochtsûnder nei loftsboppe) útmûnet yn 'e Missoury (yn 'e fierte op 'e eftergrûn). | ||
polityk | ||
haadplak | Niobrara (Nebraska) | |
stamme | Ponka Stamme fan Nebraska | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Nebraska | |
county | Knox County | |
sifers | ||
ynwenners | ûnbekend | |
oerflak | 3,3 km² | |
oar | ||
stifting | 1990 | |
tiidsône | UTC –6 | |
simmertiid | UTC –5 | |
webside | www.poncatribe-ne.org | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Nebraska. It Ponka Yndianereservaat is werjûn yn read. |
It Ponka Yndianereservaat (Ingelsk: Ponca Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Ponka Stamme fan Nebraska (Ponca Tribe of Nebraska) yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska. Dit is net in formeel reservaat, mar strikt nommen in trustgebiet ûnder behear fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA). It haadplak is Niobrara.
Skiednis
It earste Ponka Yndianereservaat waard stifte yn 1858, doe't de Ponka by in ferdrach mei de Feriene Steaten ôfstân diene fan it meastepart fan harren grûngebiet. It lân dat se oerholden lei tusken de Ponca Creek en de rivier de Niobrara yn, likernôch tusken de hjoeddeiske plakken Butte en Lynch. It die al rillegau bliken dat dy krite ûngeskikt wie foar it bedriuwen fan lânbou, en om't de Ponka dêrfan ôfhinklik wiene foar in grut part fan harren iten, litten se krapte dy't útrûn op oanhâldende hongersneed. Yn dyselde snuorje wiene se ek it slachtoffer fan oerfallen troch de Brulee-Lakota.
Jierrenlang besochten de Ponka harsels yn harren reservaat te bedrippen troch ferskillende gewaaksen te ferbouwen, te jeien op lyts wyld en hynders te fokken. It Amerikaanske regear fersomme ûnderwilens om 'e mûnen en skoallen te bouwen en de beskerming te bieden dy't de Ponka by it ferkeapjen fan harren lân ûnthjitten wiene. Ek de distribúsje fan jierjilden en replik guod waard net oanpast oan 'e groeiende befolking. Pas yn 1865 waard der in nij ferdrach sletten, wêrby't it reservaat yn eastlike rjochting opskood waard, sadat it it tradisjonele boulân en de begraafplakken fan 'e Ponka yn 'e delling fan 'e rivier de Missoury omfieme, dêr't de grûn folle fruchtberder en it wenjen feiliger wie.
Yn 1868 joech it Amerikaanske regear lykwols op yllegale wize it reservaatlân fan 'e Ponka wei troch dat by it Ferdrach fan Fort Laramie ta te foegjen oan it Grutte Sû Reservaat. Fan gefolgen besleat men yn Washington, D.C. dat de Ponka nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ferhúzje moasten, dat yn dy tiid in soarte fan sammelbak wie foar aldehanne Yndiaanske folken dy't troch it tij fan 'e Amerikaanske kolonisaasje út harren oarspronklike wenkriten ferdreaun wiene. Sadwaande waarden de Ponka nei jierren fan ferset yn maaie 1877 troch it Amerikaanske Leger út Nebraska wei deportearre.
Doe't lykwols troch it neare klimaat en de strieminne libbensomstannichheden yn Oklahoma yn oardel jier tiid hast in trêdepart fan 'e Ponka omkaam, kearden it opperhaad Steande Bear en 65 folgelingen begjin 1879 geandefoets werom nei Nebraska. Nei de opsjochjaande rjochtsaak Standing Bear v. Crook krigen se tastimming om dêr te bliuwen, en yn 1881 joegen de Amerikanen boppedat 106 km² grûn oan harren werom en kamen der mear Ponka oer út it Yndiaanske Territoarium. Op 2 maart 1899 waard it Ponka Yndianereservaat yn Nebraska, dat yn 1868 ferlern gien wie, weroprjochte mei in wet dêrta, dy't oannommen waard troch it Amerikaanske Kongres. It bestie doe út goed 110 km² lân.
Nei de Twadde Wrâldoarloch besleat de Amerikaanske oerheid lykwols om 'e Ponka fan Nebraska as ûnderdiel fan it doetiidske Yndiaanske terminaasjebelied syn federale erkenning te ûntnimmen. Dat krige syn beslach yn 1966, en tagelyk waard doe ek it Ponka Reservaat op 'e nij opheft. Yn 'e 1970-er jierren waard de Ponka Stamme fan Nebraska yn reorganisearre foarm weroprjochte, en nei hast tweintich jier fan krewearjen wist dy op 31 oktober 1990 ûnder de Ponca Restoration Act syn federale erkenning werom te winnen. De formele weroprjochting fan it Ponka Yndianereservaat waard lykwols tsjinholden troch de steat Nebraska. Dêrom hat de Ponka Stamme fan Nebraska dy dielen fan it reservaat dy't se weromkeapje kinnen hawwe, as trustgebiet ûnder it behear fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) pleatst, wat fierhinne op itselde delkomt mei it ferskil dat it trustlân net útsûndere is fan 'e steatswetjouwing fan Nebraska (wat in wier reservaat wol wêze soe).
Geografy
It Ponka Yndianereservaat leit yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Nebraska, yn Knox County. It bestiet út fiif ferskillende, net opinoar oanslutende perselen grûn, dy't mei-inoar 819 acres (328 hektare) beslane. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Niobrara, bûten it eigentlik reservaatgebiet. Wol leit it histoaryske Ponka-Fort, dat yn it Ponka fan Náⁿza hjit, op in diel fan it reservaatlân.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |