Pompeï (Italjaansk: Pompei) is in Romeinske ruïnestêd yn de Italjaanske provinsje Napels (regio Campania) en telt 25.726 ynwenners (31 desimber 2004). De oerflakte is 12,4 km², de befolkingstichtens is 2146 ynwenners de km².
Pompeï wie ek de namme fan in provinsjestêd mei sawat 20.000 ynwenners dy't bestie fan de 7e iuw foar Kristus oant yn de earste iuw nei Kristus. Osken, Samniten, Griken, Etrusken en Romeinen lieten der allegearre harren spoaren efter. Pompeï, dat yn 62 n.Kr. al troch in ierdskodding troffen wie, waard yn 79 bedutsen troch jiske as gefolch fan in útbarsting fan de Fesuvius. It is dêrtroch ien fan de bêst bewarre Romeinske stêden wurden.
Nei't de earste oerbliuwsels al oant de ein fan de sechstjinde iuw ûntdutsen waarden, wurde al sûnt de 18e iuw archeologyske opgravings ferrjochte. Sûnt dy tiid binne grutte parten fan de stêd bleatlein en jout it plak in goed byld fan it doetiidsk Romeinske deistich libben. Pompeï stiet op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO en is in wichtige toeristeattraksje dy't alle jierren sa'n 2,5 miljoen besikers lûkt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pompeii fan Wikimedia Commons. |