Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
• Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
• Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

It fûnemint fan de polityk yn Nederlân is de grûnwet, dêr't de steatsynrjochting fan Nederlân yn fêstlein is as konstitúsjonele monargy en desintralisearre ienheidssteat mei in parlemintêre demokrasy. Nederlân is ek in konsensusdemokrasy, wat ynhâldt dat de polityk karakterisearre wurdt troch it besykjen om ta oerienstimming te kommen. De wichtichste politike ynstellings fan Nederlân binne de monargy, de Steaten-Generaal (it parlemint), it regear en it dêrút foarme kabinet. Dêrnjonken binne der de ûnderskate politike partijen dêr't de Nederlânske folksfertsjintwurdigers by oansletten binne, en fierders de saneamde Hege Kolleezjes fan Steat, lykas de Ried fan Steat, de Algemiene Rekkenkeamer en de Nasjonale ombudsman. Behalven de Ryksoerheid ken Nederlân ek twa nivo's fan desintrale oerheden, te witten: de provinsjes en de gemeenten.

Grûnwet

De Wikipedy hat ek in side Nederlânske Grûnwet.

De Nederlânske Grûnwet befettet regels foar de ynrjochting fan de steat en beskriuwt de klassike en sosjale grûnrjochten fan boargers, bygelyks de frijheid fan mieningsutering en it kiesrjocht.[1] De grûnwet is ûnderhearrich oan it statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen dat de steatkundige relaasje tusken Nederlân en de Karibyske lannen Arûba, Kurasau en Sint-Marten regelet.[2]

Om in feroaring fan de grûnwet te beävesearjen moat sawol de Twadde Keamer as de Earste Keamer dêr twa kear in beslút oer nimme. In twadde beslút kin pas naam wurde nei't der nije ferkiezings west hawwe. Boppedat is foar goedkarring, oars as by gewoane wetsfoarstellen, in twa tredde mearderheid nedich.[3]

Politike ynstitúsjes

Monargy

Sûnt de weryndieling fan Jeropa op it Kongres fan Wenen yn 1815 is Nederlân in konstitúsjonele monargy.[4] Dat hâldt yn dat de posysje fan de kening yn de grûnwet (konstitúsje) fêstlein is. De kening is it steatshaad fan it Keninkryk fan de Nederlannen en foarmet tegearre mei de ministers it regear.[5] Yn 1848 waard yn de grûnwet fêstlein dat de kening ûnskeinber is en dat de ministers ferantwurdlik binne foar alles wat de kening seit en docht.

De kening hat by de wet, mar ek troch tradysje en neffens it net-skreaune steatsrjocht, sawol formele as ynformele taken. Inkelde formele taken binne it ûndertekenjen fan wetten, it beneamen fan ministers en steatssekretarissen, it foarsitterskip fan de Ried fan Steat en it foarlêzen fan de troanrede op de tredde tiisdei yn septimber. Fierders hat de kening as steatshaad in ferbinende, fertsjintwurdigjende en oanmoedigjende rol.[6] Earder spile de kening ek in rol by de formaasje fan in nij kabinet. Hy beneamde op basis fan advizen fan fêste adviseurs en politisy in formateur en hie op dy wize yn in beskate mjitte ynfloed op de formaasje. Yn 2012 waard dizze taak troch de Twadde Keamer oernaam.[7]

De kening fan it Keninkryk fan de Nederlannen is op dit stuit Willem-Alexander, de âldste soan fan prinsesse Beatrix en Claus von Amsberg. De kroanprinsesse is Catharina-Amalia.

Steaten-Generaal

De plenêre seal fan de Twadde Keamer.
De Wikipedy hat ek in side Steaten-Generaal.

It Nederlânske parlemint is de Steaten-Generaal dy't út de Twadde Keamer en de Earste Keamer bestiet. Beide Keamers hawwe in fertsjintwurdigjende funksje, beprate wetsfoarstellen en kontrolearje it hâlden en dragen fan it regear. Allinnich de Twadde Keamer hat it rjocht fan amendemint. Dat wol sizze dat wetsfoarstellen dy't troch it regear of in Keamerlid yntsjinne binne, feroare wurde meie. De Earste Keamer kin dêrtsjinoer in foarstel allinnich oannimme of fersmite.

De Twadde Keamer bestiet út 150 leden dy't yn de regel om de fjouwer jier op basis fan in stelsel fan evenredige fertsjintwurdiging ferkeazen wurde. De leden wurde fia in kandidatelist fan in politike partij ferkeazen, mar formeel hawwe hja in ûnôfhinklike posysje. Dat betsjut bygelyks dat in Twadde Keamerlid de mooglikheid hat om nei ferrin fan tiid út in fraksje te stappen en as ûnôfhinklik Keamerlid fierder te gean of him oan te sluten by in oare partij.[8]

De Earste Keamer hat 75 leden, ek wol senatoaren neamd, dy't foar in tiidrek fan fjouwer jier ferkeazen wurde troch middel fan betrieme ferkiezings. Dat wol sizze dat de troch it folk ferkeazen leden fan de Provinsjale Steaten de leden fan de Earste Keamer ferkieze. Krekt as leden fan de Twadde Keamer hawwe hja as Keamerlid offisjeel in ûnôfhinklike posysje tsjinoer de partij. Leden fan sawol de Twadde as de Earste Keamer kinne neffens de grûnwet net ferfolge wurde foar wat hja yn gearkomsten fan de Steaten-Generaal sein hawwe.

Regear en kabinet

It regear is it sintrale bestjoer fan Nederlân en bestiet neffens de grûnwet út de kening en alle ministers.[6] De ministers en de steatssekretarissen foarmje it kabinet. Om't de kening ûnskeinber is en de ministers ferantwurdlik binne, wurdt it kabinet yn de praktyk ek gauris it regear neamd.[9] It regear is ferantwurdlik foar it útfieren fan wetjouwing en taken fan de Ryksoerheid en it opstellen en feroarjen fan begruttings. De beneaming fan kommissarissen fan de kening, boargemasters en leden fan de rjochterlike macht, mar ek it bestjoeren fan it lân en de beliedsfiering, binne taken fan it kabinet.[10]

De ministers binne elts ferantwurdlik foar in bepaald beliedsmêd en foarmje mei-inoar de ministerried. De ministerried wurdt troch de minister-presidint foarsitten en is de wichtichste gearkomste fan de útfierende macht. De ried beslút bygelyks oer wetsfoarstellen en ûntwerpen fan algemiene maatregels fan bestjoer. Alle ministers, mei útsûndering fan dy sûnder portefúlje, jouwe lieding oan in ministearje en kinne dêrby stipe wurde troch steatssekretarissen.

It kabinet-Rutte IV hat 12 ministearjes:

Ministearje Minister Steatssekretaris
Ministearje fan Algemiene Saken Mark Rutte ¹ n.f.t.
Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hugo de Jonge Alexandra van Huffelen
Ministearje fan Bûtenlânske Saken Hanke Bruins Slot n.f.t.
Ministearje fan Definsje Kajsa Ollongren Christophe van der Maat
Ministearje fan Ekonomyske Saken Micky Adriaansens Hans Vijlbrief
Ministearje fan Finânsjes Steven van Weyenberg Marnix van Rij, Aukje de Vries
Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport Conny Helder Maarten van Ooijen
Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Mark Harbers Vivianne Heijnen
Ministearje fan Justysje en Feiligens Dilan Yeṣilgöz-Zegerius Eric van der Burg
Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit Piet Adema n.f.t.
Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Karien van Gennip n.f.t.
Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip Robbert Dijkgraaf Fleur Gräper
¹ Mark Rutte jout as minister-presidint lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.

Politike partijen

De Nederlânske demokrasy is fanwegen de evenredige fertsjintwurdiging organisearre fia in mearpartijestelsel.[11] Alle partijen fertsjintwurdigje in groep minsken mei deselde politike opfetting. Dizze opfetting foarmet de grûnslach fan it partijprogramma en it ferkiezingsprogramma dêr't in partij sa folle mooglik oanhingers mei besiket te beheljen. Om't yn Nederlân in grut tal partijen aktyf is, is it suver fanselssprekkend dat nei ferkiezings in koälysje foarme wurde moat om in mearderheid yn it parlemint te foarmjen.

De folgjende partijen binne op dit stuit yn de Twadde Keamer fertsjintwurdige:

PartijOfkoartingOprjochtePartijliederSitten
(oarspronklik)
Partij foar de Frijheid PVV 2006 Geert Wilders 37
Partij fan de Arbeid PvdA 1946 Frans Timmermans 25 (tegearre mei GL )
GrienLinks GL 1990 Frans Timmermans 25 (tegearre mei PvdA)
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy VVD 1948 Dilan Yeşilgöz 24
Nij Sosjaal Kontrakt NSC 2023 Pieter Omtzigt 20
Demokraten 66 D66 1966 Rob Jetten 9
BoerBoargerBeweging BBB 2019 Caroline van der Plas 7
Kristen Demokratysk Appèl CDA 1980 Henri Bontenbal 5
Sosjalistyske Partij SP 1971 Jimmy Dijk 5
DENK DENK 2015 Stephan van Baarle 3
Partij foar de Dieren PvdD 2002 Esther Ouwehand 3
Foarum foar Demokrasy FVD 2016 Thierry Baudet 3
Steatkundich Grifformearde Partij SGP 1918 Chris Stoffer 3
KristenUny CU 2001 Mirjam Bikker 3
Volt Nederlân Volt 2018 Laurens Dassen 2
Rjocht Antwurd 21 JA21 2020 Joost Eerdmans 1

Hege Kolleezjes fan Steat

De gearkomsteseal fan de Ried fan Steat op it Binnenhôf.
De Wikipedy hat ek in side Hege Kolleezjes fan Steat.

Yn de Nederlânske polityk besteane der ek saneamde Hege Kolleezjes fan Steat. Dat binne oerheidsorganen dy't neffens de grûnwet in ûnôfhinklike en selsstannige posysje hawwe. Harren wichtichste taak is it kontrolearjen en advisearjen fan de Ryksoerheid. Njonken de Earste en Twadde Keamer binne der noch trije oare Hege Kolleezjes fan Steat: de Ried fan Steat, de Algemiene Rekkenkeamer en de Nasjonale ombudsman.

De Ried fan Steat bestiet njonken de Ried út twa ôfdielings: de Ofdieling advisearring en de Ofdieling bestjoersrjochtspraak. De Ofdieling advisearring behannelet wetsfoarstellen en inisjatyffoarstellen en bringt dêr in advys oer út. Dêrby wurdt tasjoen op de beliedsmjittige, juridyske en wetstechnyske kwaliteit fan it foarstel. De Ofdieling bestjoersrjochtspraak sprekt rjocht as heechste bestjoersrjochter yn skelen tusken boarger en oerheid. De Ried bestiet út de kening as foarsitter, de fise-presidint en net mear as tsien leden.

De Algemiene Rekkenkeamer kontrolearret de ynkomsten en útjeften fan it Ryk en docht dêr ien kear yn it jier, op de tredde woansdei fan maaie, ferslach fan oan it parlemint.[12] De Algemiene Rekkenkeamer ûndersiket dus eins oft it belied fan de minister syn doel berikt. It kolleezje bestiet út de presidint en noch twa oare leden, dy't alle trije foar it libben beneamd wurde.

Sûnt 1982 hat Nederlân in Nasjonale ombudsman, in ûnôfhinklike en ûnpartidige ynstânsje dy't klachten fan boargers oer net-behoarlik gedrach fan de oerheid behannelet. Syn amt waard yn 1999 yn de grûnwet opnaam. De ombudsman wurdt troch de Twadde Keamer beneamd foar in tiidrek fan seis jier.

Desintrale oerheden

Nederlân is opdield yn 12 provinsjes dy't mei-inoar de bestjoerslaach tusken de Ryksoerheid en de gemeenten foarmje. De provinsjes binne ferantwurdlik foar saken lykas romtlike oardering, ferkear en ferfier, miljeu, kultuer en lânbou. De folksfertsjintwurdigers fan de provinsjes binne de Provinsjale Steaten. Hja bepale yn grutte linen it provinsjale belied en kontrolearje de útfiering dêrfan troch de Deputearre Steaten, dy't tegearre mei de kommissaris fan de kening it deistige bestjoer fan de provinsje foarmje. De Provinsjale Steateleden kieze net allinnich de leden fan de Deputearre Steaten, mar om de fjouwer jier ek dy fan de Earste Keamer.

De gemeenten foarmje de tredde bestjoerslaach fan it lân. Hja ha lokale taken, bygelyks op it mêd fan húsfêsting, iepenbiere oarder, sport en ûnderwiis. Gemeenten binne foar in grut part finansjeel ôfhinklik fan it Ryk, mar kinne sels ek belestings heffe. Alle gemeenten hawwe in gemeenteried, in boargemaster en in kolleezje fan boargemaster en wethâlders. In wichtige taak fan de gemeenteried is it kontrolearjen fan it kolleezje. It kolleezje moat op syn bar ferantwurding ôflizze oan de gemeenteried. De boargemaster is de foarsitter fan sawol it kolleezje fan b. en w. as de gemeenteried. Op 1 jannewaris 2018 wiene der yn Nederlân 380 gemeenten.[13]

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grondwet. Rijksoverheid. Rieplachte op 5 maart 2018.
  2. Statuut voor het Koninkrijk der Nederlanden. Het Koninklijk Huis. Rieplachte op 6 maart 2018.
  3. Procedure Grondwetsherziening. Nederlandse Grondwet. Rieplachte op 6 maart 2018.
  4. The Dutch Political System in a Nutshell. Netherlands Institute for Multiparty Democracy. Rieplachte op 6 maart 2018.
  5. Koninkrijk der Nederlanden. Het Koninklijk Huis. Rieplachte op 6 maart 2018.
  6. 1 2 Werkzaamheden voor de Koning. Kabinet van de Koning. Rieplachte op 6 maart 2018.
  7. De Koning. Parlement & Politiek. Rieplachte op 6 maart 2018.
  8. Tweede Kamerlid. Parlement & Politiek. Rieplachte op 6 maart 2018.
  9. Functie en positie regering/kabinet. Parlement & Politiek. Rieplachte op 6 maart 2018.
  10. Wat is de regering en wat is het kabinet? Rijksoverheid. Rieplachte op 6 maart 2018.
  11. Partijen in Tweede en Eerste Kamer. Parlement & Politiek. Rieplachte op 7 maart 2018.
  12. Algemene Rekenkamer. Algemene Rekenkamer. Rieplachte op 8 maart 2018.
  13. Aantal gemeenten van 388 naar 380. Centraal Bureau voor de Statistiek. Rieplachte op 10 maart 2018.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.