Polikarpov I-180


Rol jachtfleanmasine
Makker Polikarpov
Untwerper Nikolaj Polikarpov
Earste flecht 15 desimber 1938
Tal makke 10 + trije prototypes (1938-1940)
Brûkers Sowjet-Uny

De Polikarpov I-180 wie in iemotorige jachtfleanmasine, ûntwurpen troch de Russyske fleantúchbouwer Nikolaj Nikolajevitsj Polikarpov.

It tastel ûntstie út de súksesfolle Polikarpov I-16 en de Polikarpov I-17. It wie ek de earste sovjetfleanmasine mei in ferstelbere trijeblêdige propeller. As oandriuwing hie it tastel in M-88-stjermotor.

De earste flecht fan de I-180-1 wie op 15 desimber 1938 en einige yn in ûngemak. By it oanfleanen fan de lâningsbaan joech de motor belies en it tastel stoarte del; de bekende fleander Valeri Pavlovitsj Tsjkalow ferlear dêrby it libben.
It twadde tastel, de I-180-2 krige in oare motor, M-87B, en de spanwiidte waard fergrutte mei 105 cm. Doe't dat tastel ek ferûngemakke op in testflecht, waard it ûntwikkelingsprogramma fanwege Josef Stalin útsteld en Polikarpov foel yn ûngenede. Nettsjinsteande dat fleach der noch in tredde prototype, no mei in sletten cockpit, en waard der in rige fan tsien fan dizze I-180S boud. De prestaasjes fan dit type foelen net ôf. In wer ferbettere ferzje lei al op de tekentafel, mar dochs waard ein 1940 besletten mei it I-180-programma op te hâlden en rjochte Polikarpov him op de ûnjouwing fan de I-185.

Technyske feiten

I-180S
Feiten
Spanwiidte10,05 m
Lingte6,9 m
Wjukoerflak16,1 m²
Startgewicht2.675 kg
Oandriuwingien dûbelstjermotor M-88R
Fermogen735 kW (1.000 HK)
Topfaasje585 km/û op 7.100 m
Klimfaasjenei 5.000 m yn 5 min
Plafond11.000 m
Fleanberik900 km
Bewapeningtwa 7,62-mm-MG SchKAS
200 kg bommen
Bemanning1
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.