Pokahontas troch Simon de Passe 1616)
Stânbyld fan Pocahontas yn Jamestown (Virginia) út 1922

Pokahontas (~159521 maart 1617) wie de dochter fan it stamhaad Wahunsunacawh fan it ryk fan de Pouhattan-Yndianen en oare skatplichtige stammen yn it kontrei om Tidewater (Virginia) hinne (Tenakomakah neamd troch de Pouhattan).[1] Foar har folk wie hja in prinsesse. Har wiere nammen wienen Matoaka (of Matoika) en Amonute;[2]. Pokahontas wie in bynamme út har bernetiid; it betsjut "boartlik, derten famke".

Pokahonta koe net skriuwe; alles wat der fan har witten is fan hearren en sizzen. Har libbensferhaal is wierskynlik tige romantisearre.

Biografy

It ferhaal wol dat Pokahontas behindere dat har heit de kolonist John Smith deadie yn it jier 1607. Dit kin lykwols net sa west hawwe; sy wie op dat stuit noch mar 13 jier en kin Smith doe net kend hawwe om't er dat jier yn Ingelân wie. Teffens spriek Smith de taal fan Pokahontas net.
It is wol wis dat Pokahontas kunde hie oan Smith en de rest fan de koloanje Jamestown, Virginia. Pokahontas wie dêr wolris west om te boartsjen en by it skinken fan fiedsel.

Yn 1610 troude Pokahontas mei in Patawomeke kriger, Kocoum. Hja wennen in stikmannich jierren by syn folk, mar fierders is oer dy jierren fan har libben net folle bekend. Twa jier letter, yn 1612, waard Pokahontas gizele troch in pear kolonisten út Jamestown, dy't hopen dat hja har ruilje koene foar kolonisten dy't troch har stam fêstholden waarden. Yn dy snuorje learde hja ingelsk en waard hja doopt troch Alexander Whitaker en naam doe de kristlike namme Rebecca oan. Se troude op 5 april 1614 mei de Ingelske kolonist John Rolfe, ien fan de wichtige manlju efter de tabaksplantaazje yn Virginia. Dat hja in heiden wie siet him wol wat dwers, mar yn in brief oan de gûverneur seit er dat er it die

motivated not by the unbridled desire of carnal affection, but for the good of this plantation, for the honor of our country, for the Glory of God, for my own salvation... namely Pocahontas, to whom my hearty and best thoughts are, and have been a long time so entangled, and enthralled in so intricate a labyrinth that I was even a-wearied to unwind myself thereout[3]

Oer Pokahontas har gefoelens foar Rolfe en har tinzen oer dit houlik is neat bekend.

Pokanhontas en John Rolfe wennen twa jier op Rolfes plantaazje, Varina Farms. Harren houlik late net ta it frijlitten fan de kolonisten, mar soarge wol foar in mear fredich klimaat tusken de kolonisten en de Pouhattan.

Yn 1616 gienen Pokahontas en Rolfe nei Londen, Ingelân om dêr kening James I en syn hof te moetsjen. Tenei waard sy de "Indiaanske Prinsesse" neamd en sy waard in fenomeen yn Ingelâng, de earste bekendheid fan de Nije Wrâld. Dit soarge mei foar it tanimmen fan ynverstearingen yn koloanjes yn Virginia.

Rolfe en Pocahontas makken doe plannen om werom te gean nei Amerika, mar flak foar it ôfsetten waard Pokahontas siik en hja stoar oan de gefolgen. Hokker sykte at hja hie is net folslein dúdlik; tuberkuloaze, longûntstekking of pokken. Har ienichst bern wie Thomas Rolfe, berne op Varina Farms. Edith Wilson heart by hat neikommelingen.

Pokahontas kaam te hôf yn Gravesend, greefskip Kent.

Literatuer

  • Paula G. Allen: Pocahontas. Medicine woman, spa, entrepreneur, diplomat. Harper Books, San Francisko 2003, ISBN 0-06-053687-X.
  • Philip L. Brown: Pocahontas and her world. A chronicle of America's first settlement in which is related the story of the indians and the englishmen. Hale, Londen 1971
  • Stuart E. Brown: Pocahontas' descentants. Genealogical Publications, Baltimore, Md. 2003
  • Klaus Theweleit: Pocahontas in Wonderland. Shakespeare on Tour. Pocahontas I. Stroemfeld Verlag, Frankfurt am Main 1999, ISBN 3-87877-751-5
  • Helen C. Rountree: Pocahontas, Powhatan, Opechancanough. Three Indian Lives Changed by Jamestown. University of Virginia Press 2005.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Karenne Wood, ed., The Virginia Indian Heritage Trail, Charlottesville, VA: Virginia Foundation for the Humanities, 2007.
  2. Price, Love and Hate, s. 66.
  3. Rolfe. Letter to Thomas Dale. p. 851.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.