poask | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Gymnocephalus cernuus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De poask as snotterpoask (Gymnocephalus cernuus) is in swietwetterfisk dy't lânseigen is yn rûchwei de noardlike helte fan Jeropa (wêrûnder de Benelúks) en noardwestlik Sibearje. Hy komt as eksoat ek foar yn 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika, dêr't er de lânseigen fauna grutte skea tabrocht hat. De poask heart ta de famylje fan de bearzen.
Algemien
De poask wurdt oant 25 sm lang.
Ekologyske betsjutting
De poask komt algemien foar yn iepen wetter. Yn de paaitiid yn april-juny foarmje de poask grutte iezings. Se ridzje yn ûndjip wetter op wetterplanten, stiennen en obstakels. De poask is neist de foarn it wichtichste fretten foar de ielguos.
Ferskaat
Yn de 18e iuw waard it stjerrebyld ‘Fisken’ yn it Frysk wol ‘Piter Poasken’ neamd. In poask is in slimerich fiskje. Wy kenne hjoed-de-dei noch de útdrukking ‘sa ferkâlden as in poask’. En fan ien dy’t net sa grut fan stal is, kin men sizze: It is mar sa’n poask.